Diel dit berjocht

Mid-Fryslân troch

Fan Reduzum nei Haskerdiken

Op 12 augustus 2021 nim ik de tried wer op om út Reduzum wei fierder te gean. Foar healwei sânen sit ik yn de trein en trije oere letter komt de bus yn Reduzum oan. De drokte fan it reizgjen falt wei en de rêst komt my noflik oan.

De Blauwe Tinte (eigen foto)

It paad folget de âlde ryksstrjitwei tusken Ljouwert en It Hearrenfean. It gea is hjir hiel iepen. De tsjerketuorren yn ’e fierte kin ik sa stadichoan thúsbringe. Raerd en de Raerderbosk sjoch ik ek. Dêr bin ik yn it begjin fan myn kuiertocht troch kommen. Nei in skoftke rin ik de Blauwe Tinte foarby. Dat is in bekende alkoholfrije útspanning, oprjochte troch de gehielûnthâldersbeweging. De Blauwe Tinte is yn Fryslân in begryp wurden en kin neffens my sa op de monumintelist. In lyts eintsje fierderop begjint de grutte dyk nei Snits.

Dan, nei in kilometer, slaan ik lofts ôf en rin ik oer in smel dykje nei Friens. Dat is in terpdoarpke mei in rike skiednis. De famylje Van Sytzema wenne hjir iuwenlang op Beslingastate. Noch hieltyd hat dy famylje kontakten mei de Frienzer mienskip. De tachtich ynwenners binne hecht mei-inoar. By de tsjerke sjoch ik efkes op it hôf. Dêr is in grut pronkgrêf fan de Van Sytzema’s. Nei it tsjerkje sykje ik in bankje op. Dat stiet by in boartersplakje. Dêr reitsje ik oan ’e praat mei in aardich frommes. Har bern hawwe wille yn de boarterstún. Sy fertelt oer Friens. It wennet der goed. De minsken sykje ferbining mei-inoar. Ik fûn it in moaie ûnderbrekking en gean optein wer fierder.

Beslingadyk (eigen foto)

Oer de Beslingadyk, in oerbliuwsel fan de eastlike Middelseedyk. Hy is smel en bochtich en oan wjerskanten begroeid mei hagedoarn. It dykje giet oer yn in fytspaadsje. Wat kom ik dochs op bysûndere plakjes. De lêste kilometer foar Jirnsum rin ik oan de kant fan it brede wetter fan de Kromme Grou en kom ik by Jirnsumersyl út. Twa jier lyn rûn ik hjir ek. Doe naam ik de westlike rûte nei it noarden, no rin ik de eastlike rûte en gean nei it suden. Ik kom troch de buorren fan Jirnsum. Dat is de âld strjitwei. Fyftich jier lyn gie alle ferkear tusken Ljouwert en It Hearrenfean hjir lâns. No is it hjir net drok mear. Der binne fersieringen oanbrocht. Feest yn Jirnsum. De kat spilet yn de fersieringen in grutte rol. Jirnsumers wurde ek wol ‘katten’ neamd. Oanlieding derfoar is it folksfermaak fan sa’n trijehûndert jier tebek. Ik lis net út hoe’t dat wie, mar it is goed dat poes hjir in grut stânbyld krige hat, as in soarte fan ekskús. It byld is ûntbleate troch Enneus Heerma, eartiids in bekend politikus foar it CDA. Geandewei wurdt it drokker om my hinne. In protte minsken hawwe de fyts pakt. Op it fytspaad dêr’t ik rin moat ik goed útsjen. Dat it hjir drok is, is goed te ferklearjen: yn dizze krite is de brêge by de Ald Skou foar it stadige ferkear de iennige mooglikheid om it Prinses Margrietkanaal oer te stekken. Op dy brêge kin ik de omjouwing goed oersjen. Dêr is te sjen hoe’t Fryslân mei it wetter fergroeid is. Op it brede kanaal sjoch ik in soarte fan parade. De boaten farre yn lange rigen ûnder my troch. Simmer yn Fryslân.

Wer fierder. No haw ik Akkrum foar it fizier. It doarp dat foar my in bytsje ferbûn is mei de feekoeken út de fabryk fan Ulbe Twijnstra. Eartiids, thús op ’e pleats, kaam ik dy namme faak tsjin. No sjoch ik de namme wer as strjitnamme. It each moat der mar opfalle. It fernuveret my dat Akkrum sa’n grut doarp is. In drokke winkelstrjitte en in protte bysûndere dingen to sjen. Te folle om op te neamen. Mei troch de Boarn en Hearesleat is it ek in echt wettersportdoarp wurden. Ik lear Fryslân better kennen mei dizze kuier. Nei Akkrum giet myn paad yn de rjochting fan Aldeboarn. Earst kom ik troch Nes. Dat leit eins tsjin Akkrum oan, mar it is troch it spoar en de grutte autodyk dêrfan skaat. Nei in brêge kom ik oan de oare kant fan de Boarn. Ik sjoch dat der in kleaster stien hat. De oerbliuwsels binne markearre yn it fjild. Wol nijsgjirrich fyn ik dat. De wettertoer hjir haw ik faak sjoen út de auto of de trein wei. No kom ik ticht by de toer lâns. In moai gesicht sa’n toer midden yn de greide.

Aldeboarn (eigen foto)

Dan folget it paad de Boarn. De rivier is hjir bochtich en sa’n tritich meter breed. Mei elke bocht is myn sicht op Aldeboarn wer oars. De moaie en hege toer falt op. It ferhaal giet dat de Boarnsters destiids by it bouwen de toer heger bouwe woene as dy fan Tsjom. Mei in lang tou gie in selskip Boarnsters nei Tsjom om dêr de hichte fan dy toer te mjitten. Dat slagge wol, mar de mjitters hawwe nea witten dat minsken fan Tsjom nei it mjitten in stik fan it tou ôfsnien hawwe. Dêrtroch dat Tsjom noch de heechste toer hat. Dat is it ferhaal fan de tuorkemjitters en de lyntsjesnijers.

Aldeboarn (eigen foto)

Aldeboarn is in skildereftich doarp. De brêgen oer de Boarn binne sierlike âlde draaibrêgen. De huzen oan wjerskanten fan it wetter hawwe grif ek hiel wat skiednis meimakke. It is hjir net drok, it doarp leit wat ôfhandich. By de toer is in kafee mei in terras. Ik wie fan plan om hjir wer op ’e bus te stappen, dêrom kin ik wol in bierke drinke. En noch ien, want ik reitsje oan ’e praat. Om fjouwer oere stean ik klear by de bushalte, mar fanwegen de fakânsjetiid rydt de bus hjoed net. Ik beslút om dan mar de folgjende halte op te sykjen. Dy is oardel oere fierder, oan de Haskerdiken. Treast foar my is dat ik dêrhinne yn in grut iepen fjild kom, dêr’t mar in bytsje minsken wenje. Der hâld ik wol fan. Ik kom yn in feanûntginning.

Feangebiet tusken Aldeboarn en Haskerdiken (eigen foto))

Natuergebiet De Deelen leit wat súdliker. Dêroan ta steane sa’n fiif grutte pleatsen. Fierder neat as greiden mei brede rjochte sleatten derom hinne. Fia in smel fytspaad kom ik úteinlik wer yn de bewenne wrâld, Haskerdiken. Dêr is in lange rige fan grutte pleatsen. It paad giet efter de pleatsen lâns. It liket wol dat de gong mei it buorkjen der wat út is dêr. Ik bin toarstich wurden. En ik hear in man nei my roppen. Hy stiet op it hiem fan in boerepleats en freget oft ik wat drinke wol. Hy sjocht faker minsken dy’t hjir it Jabikspaad rinne. Dan freget er soms oft se toarst hawwe. Kofje skinkt er ek. Hy hat in foeraazjehannel. Der stiet in grutte reade frachtwein mei syn namme op it hiem. Ik wol foar dizze man wol wat reklame meitsje. Wobma hjit er. Hjoed haw ik yn alle gefal fiif kear aardige en freonlike minsken moete. Docht my goed.

Hjirwei bin ik samar by de bushalte en nim ik de bus nei It Hearrenfean om dêr op ’e trein nei Lelystêd te stappen.

Eabele van der Veen

Foto thússide: Aldeboarn (eigen foto)

De njoggende ôflevering sil op freed 2 augustus te lêzen wêze.

 

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter