Diel dit berjocht

Natuerkuier by de Potmarge del

Op sneon 6 july, om 15.15 oere, wurdt troch biolooch Niels Schotsman wer in natuerkuier by de Potmarge del fersoarge. It dielnimmen oan de rûnlieding is fergees, mar in frijwillige bydrage foar de tsjerke wurdt wurdearre.

Rûnliedingen oer it tsjerkhôf en it begraafplak
Op de sneonen 13 july en 31 augustus, om 14.00 oere, wurdt troch Peter de Haan wer in rûnlieding (fan sawat fiif kertier) fersoarge by de tsjerke, oer it tsjerkhôf en it begraafplak. In jiermannich lyn wie dêr in soad belangstelling foar. Dêr lizze in protte bekende minsken, dêr’t it ien en oar oer te fertellen is. Meidwaan is fergees, mar in frijwillige bydrage wurdt op priis steld.

By de tsjerke is net folle parkearromte. Besikers kinne – op koarte rinôfstân en fergees – parkearje op it romme parkearterrein foar de Intratuin oer (súdside Tynjedyk).

Ynljochtingen binne te krijen by Peter de Haan op mailadres dorpskerkhuizum@gmail.com. Op www.dorpskerkhuizum.nl en www.facebook.com/dorpskerkhuizum stiet ek mear ynformaasje.

Boarne: Doarpstsjerke Huzum

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter