Diel dit berjocht

Oer de taalgrins hinne

Fan Mildaam nei Wolvegea

Op 15 desimber 2021 nim ik de trein nei It Hearrenfean. Dêr sykje ik de bus dy’t troch Mildaam komt. It busstasjon op It Fean fyn ik bysûnder. It is in oerdekte rûnte mei perronnen deromhinne. Yn ’e midden stiet men drûch. It Hearrenfean is Sportstêd. Ik sjoch grutte, skildere portretten fan Sven Kramer, Foppe de Haan en Epke Zonderland. De bus nei Mildaam hat einbestimming Assen. In kertier wachtsje en dêr is er al. Ynchecke mei de ov-kaart en de sjauffeur in goeie dei tawinskje. Dat is yn dizze kriten gebrûklik. En by it útstappen him of har fansels betankje. De bus slingeret troch in grut part fan It Fean. Der is foar my in protte te sjen. Lang om let rydt de bus oer Aldskoat yn de rjochting fan Mildaam.

Oan de eastkant fan de A31 wurdt it rêstiger. Oan de rjochterkant sjoch ik sa no en dan it wide fjild fan de Tsjongerdelte. Dêr rin ik hjoed trochhinne. Twa kilometer eastlik fan de grutte autodyk stap ik út. It is in kertierke rinnen nei de buorren fan Mildaam, mar by dizze halte is it stil en kin ik my wat op de kuier tariede. Op in bankje drink ik efkes kofje. It waar is moai en ik fiel my as in frije fûgel. Ik haw nije skuon kocht. Benijd hoe’t se foldogge. Se binne lekker waarm.

It tsjerkje fan Mildaam (eigen foto)

Dan begjint de kuier echt. In bytsje trochstappe, haw ik my foarnommen. It tsjerkje fan Mildaam is in ûnopfallend gebouke. Der stiet in klokkestoel neist. It gie de minsken hjir eartiids net goed genôch om in toer mei in klok betelje te kinnen. No wurdt de tsjerke drok troch in keunstnerskollektyf brûkt.

By de tsjerke kom ik wer op de rûte fan it Jabikspaad. Dêr is ek de brêge. Dy leit oer it Tsjongerkanaal. Hjir komt in protte histoarje byinoar. Hast te folle om op te neamen. Foar my sjoch ik it iepen fjild fan de Tsjongerdelte. It rivierke de Tsjonger is yn 1860 kanalisearre en befarber wurden. De âlde loop fan it rivierke waard tichtmakke. Op de brêge, dy’t ek fan dy jierren is, sjoch ik dat de âlde slingers fan de Tsjonger wer iepen binne. Mildaam krige troch it nije farwetter folle mear bedriuwichheid. De delte fan de Tsjonger is foarme troch in gletsjertonge dy’t hjir ea west hat. It iis raande, it grûnwetter kaam aloan heger en der ûntstie in grutte sompe dy’t net te bewenjen wie. Troch dy sompe leit hjir no in taalgrins.

It Tsjongerkanaal en de âlde Tsjonger (eigen foto)

Oan de oare kant fan de Tsjonger lizze de Stellingwerven, dêr’t Oertsjongersk praat wurdt. De East- en Weststellingwervers binne grutsk op harren (Saksyske) taal, mar se fiele har wol Frysk, lês ik op in boerd. Fan 1300 oant 1500 hiene se selsbestjoer, mar de hartoch fan Saksen hat dêr in ein oan makke en it gebiet oan Fryslân taskikt. By de brêge stiet in moai âld brêgewachtershúske. Oan de ein fan de Twadde Wrâldoarloch, doe’t de Dútsers foar de Kanadezen flechten, is de brêge troch in heldedied sparre. De Dútsers hiene in bom lein om de brêge te fernielen. De soan fan brêgewachter Schokker slagge deryn om de ûntstekking fan de bom út te skeakeljen, sadat de Kanadezen deroer koene. Alle oare brêgen wiene stikken, dat it behâld fan dizze brêge wie foar de befrijing fan Fryslân tige wichtich. Ik kuierje fierder op de Otterswei. Trije kilometer is it nei Aldeholtwâlde. Oan ’e dyk steane beammen, mar fierder is it lân keal en wiet. It is in feanpolder dêr’t ik troch kom. Stadichoan wurdt it lân wat drûger.

By de opgraving (eigen foto)

Dan kom ik by in nijsgjirrich plakje. Hûndert meter fan de dyk ôf stiet in grutte ikebeam. Op in plak mei wat opfallende natuerlike ferheginkjes binne âldheden fûn, lês ik op in boerd. 14.000 jier lyn hawwe ‘rendierjagers’ hjir harren spoaren efter litten. Wittenskippers hawwe fêststeld dat hjir minsken út de stientiid aktyf west hawwe. Der binne hjir hiel wat stiennen pylkpunten en ark om mei te snijen en te slaan út de tiid fan de Hamburchkultuer foar it ljocht kommen. Bysûnder dat dit plakje noch sa yn in iepen flakte leit. De ikebeam sil der wol as in soarte fan markearring oanplante wêze. Yn dizze oarden lizze noch hiel wat soarten balstiennen út Skandinavië. Efkes foar Aldeholtwâlde hawwe se der yn de berm in samling fan makke. Op in boerd mei in lânkaart wurdt oanjûn wêr’t dizze stiennen weikomme. In picknicktafel nûget út om wat te iten.

Utlis oer de Rendierjagers (eigen foto)

Wylst ik dêr sit hâldt der in fytsend steltsje stil. De frou siket wat, fynt wat efter in tsjokke beam en skriuwt wat op. As ik wer fierder gean, wol ik earst witte wat der efter dy beam te sjen is. Dêr hinget in geocache. Geocaching is it finen fan in briefke mei help fan in soarte fan TomTom. Yn in gps-mobyltsje kinst de koördinaten fan de cache oanjaan en letter yn it fjild opsykje.

Aldeholtwâlde (eigen foto)
Tunnel mei algegroei (eigen foto)

By de tsjerke fan Aldeholtwâlde gean ik rjochtsôf. Ik kom troch in hiel ûnhuere tunnel ûnder de A31. Opfallend is dat de hiele tunnelbak grien mei algen útslein is. Dat haw ik nea earder sjoen. By de âlde ryksstrjitwei kom ik derefter dat ik werom moat; ik wie efkes fan de rûte ôf rekke. Aldeholtwâlde is lyts. Ik sjoch gjin minske. It tsjerkje is fan in moaie ienfâld en it tsjerkhôf leit beskûle tusken steatlike âlde beammen. Ik sjoch dat ik wer op de rûte kommen bin. It Jabikspaad wurdt no mei dúdlike markearring oanjûn. Nei in tydsje kom ik wer by de A31. Nei de tunnel dêrûnder troch bin ik yn in hiel oar gea. It is hjir boskich en drûger. Ik rin hjir op de Scheenewei. Dy leit op in skieding. Tusken de Tsjonger en de Lende is fan twa kanten ôf it lân ferkavele. De rjochting fan dy ferkaveling is ferskillend. Op de Scheenewei is dat goed te sjen. Oan de Tsjongerside fan de wei komme de sleatten yn in skeane hoeke op de wei oan. Oan de oare kant steane de sleatten heaks op de wei. Dy skeane hoeke jildt ek foar de huzen oan dizze dyk. It is in apart gesicht. Fierder nei it súdwesten ta wurdt de Scheenewei in wetterke dat brûkt waard om de turf ôf te fieren. Dat farwetter hjit dêr dan De Scheene.

Ik bin yn Wolvegea oankommen. De treinreis nei hûs ta giet mei hindernissen. Troch it útfallen fan in trein moat ik wachtsje, mar mei drûge en waarme fuotten kom ik dochs foldien thús.

Eabele van der Veen

Foto hiemside: De brêge by Mildaam (eigen foto)

De alfde ôflevering sil op freed 30 augustus te lêzen wêze.

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter