Diel dit berjocht

Preamfarre nei de Ljouwerter Bosk

Yn ’e simmerfakânsje organisearret Natuermuseum Fryslân twa kear in preamtocht nei de Ljouwerter Bosk, yn gearwurking mei Praamvaren Leeuwarden en de frijwilligers fan it Rustpunt Buitencentrum Leeuwarder Bos. Op 18 en 25 augustus fart de preamboat út de Prinsetún wei nei de Ljouwerter Bosk, dêr’t de dielnimmers in unyk stikje natuer oan ’e râne fan de stêd ûntdekke sille.

By it oanlisplak yn ’e Ljouwerter Bosk steane de frijwilligers fan it rêstpunt klear om in rook- en smaakkuier te begelieden. Dêr kinne dielnimmers ûntdekke dat der ek yn ’e direkte omjouwing in protte ytbere planten en krûden te finen binne. It is ek mooglik om in geocache-speurtocht te dwaan, in soarte fan skatsykjen oan ’e hân fan GPS-koördinaten. Foar kofje en tee wurdt soarge.

It Natuermuseum giet graach mei syn besikers nei de Ljouwerter Bosk, dat fungearret as in soarte fan bûtenlokaal. Ferskillende edukative programma’s bringe bern dêr yn kontakt mei de libbene natuer. Dêrnjonken wurdt der in protte ûndersyk yn de Ljouwerter Bosk dien, sadat der mear oer de floara en fauna dêr bekend wurdt. Sa wurdt der jierliks yn juny de Bioferskaatdei organisearre, dy’t bydraacht oan in grutskalige ynventarisaasje fan de bosk. Op de lêste Bioferskaatdei binne 46 nije diere- en plantesoarten ûntdutsen, sadat de teller no op goed 3300 ferskillende soarten stiet. Der is dus in protte te sjen yn de bosk.

De preamfartochten binne op 18 en 25 augustus 2024. Dielnimmers sette by Natuermuseum Fryslân útein. Om 14.00 oere fart de pream fuort en om 16.30 oere is er yn de Prinsetún werom. Kosten binne € 11 foar in folwoeksene en € 7 foar in bern. Oanmelde kin oant fiif dagen foar de tocht fia aanmelden@natuurmuseumfryslan.nl.

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter