Diel dit berjocht

Regeling foar minder stikstofútstjit op boerebedriuwen oanpast

Boeren yn Fryslân, Grinslân en Drinte kinne fan 2 oktober 2024 ôf subsydzje oanfreegje foar maatregels dy’t soargje foar minder stikstofútstjit op harren bedriuw. De saneamde ‘Investeringsregeling Reductie Stikstofemissie Noord-Nederland’ wurdt dan op ’e nij, yn oanpaste foarm, iepensteld. It pakket fan maatregels yn ’e regeling is sa oanpast dat realisaasje fan maatregels in heger reduksjepersintaazje fan stikstofútstjit opleveret.

Mei de regeling wolle de provinsjes Fryslân, Grinslân en Drinte ynvestearringen stimulearje dy’t bydrage oan ’e fermindering fan stikstofemisje yn in agraryske ûndernimming. Troch yn 2024 te wurkjen mei kategoryen mei in eigen budzjet, wolle de provinsjes de effektiviteit fan de regeling ferheegje.

Fjouwer kategoryen
De oanpassing folget út de evaluaasje fan de regeling yn 2023. Yn de oanpaste regeling binne fjouwer kategoryen opnommen, elk mei in eigen budzjet. Boeren kinne yn ‘e regeling subsydzje oanfreegje foar it ynhieren fan in adviseur of foar it dielnimmen oan stúdzjegroepen (kategory A). Dêrfoar kin op syn meast € 5000,- subsydzje it bedriuw oanfrege wurde. Dat kin oant en mei 31 desimber 2024.

Maksimum it bedriuw
Dêrnjonken kin der subsydzje oanfrege wurde foar de saneamde net-produktive ynvestearringen (kategory B, C en D). Dat binne ynvestearringsmaatregels dy’t rjochte binne op it ferminderjen fan stikstofútstjit. Dêr kin op syn meast € 60.000,- it bedriuw foar oanfrege wurde, foar op syn meast 80% fan de hiele ynvestearring. De oanfreger moat sels ek op syn minst 20% oan de ynvestearring bydrage. By de net-produktive ynvestearringen kin bygelyks subsydzje foar in sproeiynstallaasje foar wetter of magnesiumgloride oanfrege wurde. Foar guon maatregels, lykas in dongrobot, jildt dat dy allinne yn kombinaasje mei oare maatregels foar subsydzje yn oanmerking komme.

De bedraggen dy’t op syn meast oanfrege wurde kinne, jilde oer it totaal en oer alle eardere iepenstellingen hinne. Bygelyks: as in bedriuw yn 2023 € 25.000,- út net-produktive ynvestearringsmaatregels ûntfongen hat, dan kin it bedriuw yn 2024 noch op syn meast € 35.000,- oanfreegje. Oanfragen foar de net-produktive maatregels kinne oant en mei 13 novimber 2024 yntsjinne wurde.

Iepenstelling en tarieding
De subsydzjeregeling wurdt fan 2 oktober 2024 ôf iepensteld fia de webside fan it Samenwerkingsverband Noord Nederland (SNN). Ynformaasje oer de regeling, de kategoryen en de maatregels dêr’t subsydzje foar oanfrege wurde kin, is al te finen fia www.snn.nl/zakelijke-subsidies/reductie-stikstof. Subsydzje wurdt ferdield op folchoarder fan ynkommen fan folsleine subsydzje-oanfragen. Dat rint troch oant it momint dat it subsydzjeplafond foar de oanbelangjende kategory berikt is. Alle kategoryen hawwe in eigen budzjet en plafond.

Foto thússide: Provinsje Fryslân

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter