Diel dit berjocht

Rinne troch de omkriten fan it Fryske Haachje

Fan Haskerdiken nei Mildaam

Op 26 oktober 2021 ferfetsje ik myn kuierrûte. Twa kilometer noardlik fan Nijbrêge, by Haskerdiken, stap ik út de bus. It is skier waar en sa no en dan reint it wat. De wyn is fris, dat yn it keale fjild is it wol efkes wennen, mar al gau bin ik waarm en rint it noflik. It paad leit njonken de drokke A31.

Haskerdiken (eigen foto)

It is net mear stil om my hinne. Nei in eintsje rinnen bin ik by de brêge oer de Ringfeart fan feanpolder De Deelen oankommen. Dêr gean ik in sydpaadsje yn nei de Kapelle. Dy stiet op ’e ein fan it paad, midden yn de greiden. Ik moat efter it hiem fan twa âlde boerepleatsen lâns en it is dêr smoarch. By dit tsjerkje heart it ferhaal oer de muonts Dodo van Hasca. Dy libbe njoggenhûndert jier lyn as in hearremyt op dit plak yn in lyts kapeltsje. Hy kaam fan kleaster Mariëngaarde by Hallum. Hy ivere derfoar om de bloedwraak yn de kontreien fan Fryslân te beëinigjen. It tsjerkhôf is kreas ûnderholden en wurdt sa te sjen noch gauris brûkt. In bysûnder plakje fyn ik it. Der komt in buike oan, dat earst mar wat skûlje en in bakje kofje drinke.

Yn Haskerdiken (eigen foto)

As it opklearret set ik wer ôf. Oer de brêge en fierder in smelle dyk lâns oant der mear bebouwing is. Alles komt hjir byinoar, wenjen, autodyk, farwetter, spoar en bedriuwsterreinen. Tusken de huzen en de nije grutte autodyk, op in stripe dêr’t de âlde autodyk rûn, is bosk oanplante. Oan de oare kant fan de huzen is de brede Hearesleat. De minsken wenje hjir opsletten, fyn ik. It lân is hjir sompich. Op plakken is it sa wiet dat der elzebegroeiïng ûntstien is. De sleatten hawwe in iepen ferbining mei de feart in eintsje fierderop. Der is hjir fan alles te sjen. Op it fytspaad moat ik útsjen foar skoalbern dy’t de hiele breedte yn beslach nimme wolle. In kear skrikke se as ik net op ’e tiid romte meitsje. Ik begryp it wol, want wy fytsten eartiids ek wol sa. De huzen krije hjir no glêsfezelkabel, sjoch ik. In bedriuw dat fan trochpakken wit is dwaande om de kabel, sûnder in slúf te graven, yn de grûn te krijen. De kabel wurdt ûnder hege druk mei wetter troch de boaiem spuite. Hiel nijsgjirrich.

Yn It Hearrenfean (eigen foto)

Nei in pear kilometer bin ik by it fiadukt fan de autodyk de A7. Dêr foarby begjint, fyn ik, it plak It Hearrenfean. Dúdlik is te sjen dat it plak as feankoloanje ûntstien is. In kanaal mei oan beide kanten lintbebouwing. Alles is rjocht; âld en nij stiet trochinoar hinne. De sintrale lizzing, oan grutte autodiken noard-súd en east-west bringt in soad warberens mei. Dat sil allinnich mar mear wurde, tink ik. De hearen fan de namme fan Heerenveen binne bekend. Dat wiene de trije dy’t yn de fjirtjinde iuw in kompanjy oprjochten foar turfgraverij yn dit part fan Fryslân. Yn it sintrum kamen ea de Hearresleat en de Skoatterlânske Kompanjonsfeart byinoar. Dat is it plak dêr’t myn paad nei it easten giet, yn de rjochting fan De Knipe. It Mear hjit de wei dy’t no op it plak leit dêr’t de dimpte Kompanjonsfeart wie. Foarby De Knipe is de feart der noch wol. Oan de grutte dyk ta hat de bebouwing nei myn betinken in wat rommelich en stedsk karakter. Oan de oare kant fan de autodyk A31 wurd it lanliker en kom ik al gau yn De Knipe oan. De namme is ûntliend oan de knipe (fersmelling) yn de feart.

Troch de feanterij ûntstiene grutte tsjinstellingen. De feanarbeiders krigen gjin drûch brea foar it swiere wurk dat se diene en libben yn ûnminsklike omstannichheden. Der ûntstie striid en rebûlje. Ik lês op in boerd oer Imke Klaver en Domela Nieuwenhuis. Dy organisearren op mear as ien ien front de striid foar rjocht en rjochtfeardigens foar de minsken hjir. De Knipe spilet in grutte rol yn dat gehiel.
Hûndert jier lyn wenne hjir in keunstskilder dy’t hiel bekend wurden is, Jan Mankes. Syn skilderijen fan de natuer en de minsken yn syn libben fyn ik peareltsjes. Hy wie troud mei Anna Zernike, de earste froulike dominy yn Nederlân. Yn de Meniste tsjerke fan De Knipe. Ik sjoch dy moai wyt ferve fermanje yn ’e fierte stean. De rûte bûcht ôf nei it suden.

Plakkette fan it Jabikspaad (eigen foto)

No gean ik oer rêstige paden de bosken fan Oranjewâld temjitte. Earst is lofts fan my noch moai grien fjild. It falt my op dat it lân hjir noch sa leech leit. De dyk giet yn in fytspaad oer. Op dat plak wurd oandacht frege foar it Jabikspaad. Der stiet in grutte stiennen plakette dêr’t de hiele rûte op oanjûn stiet. Dêrnjonken is in apelbeam fan it ras sint-jabiksapel oanplante. Moai betocht.

Oranjewâld. Belvedére by Brongergea (eigen foto)

It kuieret hjir bêst, mar ik krij lêst fan kâlde fuotten. Wiete sokken troch in lekke skoech. De soal lit los. Ik kom ek by it bekende museum Belvédère lâns. Tusken wetterpartijen en midden op ’e romte stiet it dêr. It foarmet ien gehiel mei Oranjestein, de State dêr’t de Fryske Nassau’s simmers wennen. Der leit in nij park tusken beide gebouwen. Ik doch my gjin tiid om dêr wat om my hinne to sjen. Efkes fierder bin ik by de boskrâne. In smel fytspaadsje njonken in brede sleat foarmet de skieding. Op it wetter yn de feart driuwe grutte plakkaten fan in útlânske wetterplant, de grote waternavel. De Fryske namme moat noch betocht wurde. Dy woekerplant wurdt in probleem foar it wetterskip. Foar ik de bosk yn kin, haw ik noch in besteklik praatsje mei in âlder pear. Soks giet samar as men in kuier makket. De bosk is al âld. Yn ’e maitiid binne hjir grif hiel wat briedfûgels. Ik sjoch in pear âlde stobben dêr’t in soad farske houtsnipels om hinne lizze. Wurk fan in spjocht, wierskynlik de swarte spjocht, want dy hâldt hjir ta, wit ik.

Oranjewâld. Pauwenburch (eigen foto)

Nei in kilometer strunen troch de moaie bosk kom ik yn Brongergea. Dêr stiet in grutte state; Pauwenburch is de namme. Neist it grutte hûs is in tsjerkhôf, kompleet mei in klokkestoel. Ik sjoch ek in grêfkelder. Mei grutte letters stiet te lêzen dat de famylje Van Limburch Stirum oan dit stee ferbûn is. In hiel âld geslacht fan greven en baronnen. Om 1250 hinne waard al oer in Graaf Van Limburch skreaun. De hegerein fan Fryslân wenne graach yn dizze krite. Dy hat de bosk ek oanplante.

De lêste trije kilometer giet it rjocht op Mildaam oan. Earst noch by bosk lâns en it lêste stik oer in sintelpaad tusken brede beamwâlen. Ik krij myn nocht wat. It begjint te reinen en ik haw in stive skonk oprûn. Kjeld troch de wiete fuotten. Mar nei ien kilometer yn ’e rein bin ik by in drûch bushokje. De bus is der ek al gau. As ik hast thús bin, yn it stasjon fan Lelystêd, is myn iene knibbel sa stiif dat ik muoite haw om it stasjon út te kommen. Troch famylje wurd ik helle. It is dochs wer in moaie dei wurden. En ik wit no dat it tiid is om nije skuon to keapjen.

Eabele van der Veen

Foto hiemsside: Grêfkelder by Brongergea (eigen foto)

De tsiende ôflevering sil op freed 16 augustus te lêzen wêze.

 

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter