Diel dit berjocht

Se komme werom

Yn april diene myn broer en ik mei oan de Bonifaciusloop, in kuiertocht út Dokkum wei. De tocht gie, hiel tapaslik, út de Bonifaciuskapel wei en fierde ús de Dokkumer Wâlden yn, dy smûke beamwâlen lâns, troch it natuergebiet de Houtwiel en oer wegen middenmank griene greiden. Dy greiden sjogge der hiel oars út as yn myn jongesjierren. Groeiden en bloeiden dêr doedestiids alderhande blommen en oare planten, hjoed-de-dei binne it krekt griene biljertlekkens. Der is gjin blom te bekennen. Men sjocht lykwols net allinnich gjin blommen, men heart ek gjin fûgels. De ljippen, skriezen, bûnte liuwen (strânljippen), tjirken en oare greidefûgels, men heart se net. It is stil yn ’e greiden. In stilte, dêr’t men net fleurich fan wurdt. Lykas eartiids wol, doe’t it optilde fan fûgellûden.

Mar alle maatregels foar it behâld en de beskerming fan greidefûgels dogge fertuten. Hieltyd mear boeren slagje deryn, in heechproduktyf bedriuw te kombinearjen mei natuerbehear. Dêrta siedzje se bygelyks krûderike mingsels. Dat soarget foar in ferskaat oan planten foar in sûne boaiem, foar mear fiedsel foar ynsekten boppe en yn de grûn en dêrtroch ek foar in tanimmend bioferskaat. Yn Fryslân leit mear as 450 bunder krûderyk greidlân. Dat is mar in kwart persint fan it Fryske greidlân, mar der komme aloan mear bunders by. Fan de boeren dy’t ienkear krûderyk greidlân hawwe, blykt 77% der fierder mei te wollen. Dêrneist draacht it letter meanen en it heech hâlden fan it wetterpeil ek by oan it ferbetterjen fan it griedefûgelbestân. Op de saneamde ’plas-dras’-lannen kinne fûgels omraak foerazjearje. Op dy wize slagje boeren deryn om ekology en ekonomy mei-inoar te ferbinen.

Jonge skries (foto Romke Hoekstra, boarne Wikimedia Commons, CC BY-SA 4.0)

Dat soks ek foar tûkelteammen soargje kin, lit de prachtige dokumintêre ’Vogels kun je niet melken’ sjen, dy’t sûnt 29 febrewaris rûnom te sjen is. Dêr wurdt feehâlder Bote de Boer út Tsjerkwert yn folge, dy’t stomme graach greidefûgels en benammen skriezen op it lân sjocht en heart. It is ien fan de trije foarbylden oer greidefûgelbehear dy’t yn koarte tiid foarby kamen. It twadde foarbyld is de earste ôflevering fan ’Dwars door de Lage Landen’ dy’t op 21 april te sjen wie. Dêryn moeten Arnout Hauben en syn maten Wieke Marije, dy’t mei har âlden yn de Dokkumer Wâlden buorket en har op bjusterbaarlike wize ynset foar de beskerming en it behâld fan greidefûgels. En in pear wike lyn stie yn in regionaal deiblêd in artikel oer twa boeren yn ’e buert fan Staphorst, dy’t der alles oan dogge om greidefûgels te beskermjen. Net allinnich om it behâld fan de fûgels, mar foaral ek om de ierde te bewarjen en troch te jaan. ’Wy wolle de grûn net ferprutse en dêrom spuitsje wy gjin fergif en brûke wy gjin keunstdong.’ Se tsjinje, om samar te sizzen, in heger doel. Dat komt ta utering op in buordsje oan ien fan de pleatsen mei de tekst út Spreuken 23 fers 4: ’Vermoei u niet om rijk te worden.’ As er in Fryske boer west hie, hie der grif stien: ’Mêdzje dy net ôf om ryk te wurden.’

Swartkikers sille sizze, dat sokke foarbylden telle as drippen oan in amer wetter. Foar wa’t positiver ynsteld is, jout it moed foar de takomst fan de greidefûgels dy’t geandewei werom komme.

Jan Bosgraaf

 

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter