Diel dit berjocht

Simmergearkomsten yn Noard-Nederlân

De Regiodeal Natuerynklusive Lânbou Noard-Nederlân is it lêste jier yngien. Om de kennis dy’t opdien is te dielen, wurde simmergearkomsten organisearre. By fjildmoetingen, ekskurzjes en festivals yn Grinslân, Fryslân en Drinte fertelle boeren oan oare boeren oer eksperiminten en projekten dy’t se mei jild út de Regiodeal útfierd hawwe.

Hja fertelle oer it projekt, wat se dêrfan leard hawwe en hokker lessen se oan oaren meijaan wolle. Op de webside fan de Regiodeal is in oersjoch fan alle aktiviteiten te finen.

Takomstbestindige lânbou
Mei it ûndertekenjen fan de Regiodeal Natuerynklusive Lânbou ein 2019 stelden de provinsjes Drinte, Fryslân en Grinslân en it ministearje fan LNV 20 miljoen euro beskikber om oant en mei 2024 yn acht gebieten oan ’e slach te gean mei it fierder takomstbestindich meitsjen fan de lânbou. In lânbou dy’t goed en betrouber fiedsel produsearret en bydraacht oan it bioferskaat, in sûne boaiem en in fariearre plattelân dêr’t it goed en noflik te libjen is.

De opdiene kennis wurdt folge en dield fia in konsortsium fan mbû-, hbû- en wû-ynstellingen, Stg. Proefboerderijen SPNA en Kadaster. Yn it ramt fan de Regiodeal wurdt pioniere yn acht gebieten yn Noard-Nederlân: Skiermûntseach, Fryske fean- en klaaigreide, noardlike klaaiskyl (Grinslân en Fryslân), Feankoloanjes, Westerwolde, Oldambt en it Drents Plateau.

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter