Diel dit berjocht

Slakken knippe ?

Sa’t elkenien wit, bestiet it ivige libjen nei it ierdske libben út ferskate sektoaren. Der is bygelyks in lytse ôfdieling dêr’t lju telâne komme dy’t hjir op ierde slakken yn twaen knipten. Soks skreaut om gerjochtichheid. Yn dat part fan it hjirboppe binne de slakken de baas. Dat sjocht der net goed út foar de takomst fan Sjef Leermakers út Hillegom. Dy skreau yn De Volkskrant fan 31 maaie, noch wol pleatst as ‘Brief van de dag’ – ûnbegryplik foar my as leafhawwer fan de natuer – dat er ried wit mei al dy slakken by him yn ’e tún. Hy knipt se yn twaen.

De griene oaze oan de Falkejacht by ús yn Hurdegaryp wurdt oanfallen troch slakken. Sadwaande geane de frou en ik  jûns let en moarns betiid op jacht nei slakken, wapene mei in weismytmof en in blompot. Hoewol, jacht? It binne rêstige bisten. It is mear in foarm fan sammeljen. De lêste wiken hûnderten. It minderet, mar moandeitejûn 17 juny dochs noch 49. Wy hawwe der aardichheid oan om se te tellen.

Wy kinne goed mei de buorlju. Dus smite wy se net by harren yn de tún. Wy bringe se in eintsje fierder fuort, nei de Simmerdyk, krekt bûten it doarp. Fûgels en stikelbargen binne ús tankber.

As it biologyske lykwicht op ús planeet earne troch bedrige wurdt, dan is dat net troch te folle slakken, mar troch te folle minsken. Dy knippe wy ek net yn twaen.

Pier Bergsma

De kearn fan dizze bydrage stie saterdei 1 juny op de opinyside fan De Volkskrant.

 

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter