Diel dit berjocht

Strân Murnzer Klif simmerklear

It Fryske Gea hat koartlyn it strân by it Murnzer Klif oanfolle mei sân en nei in tige wiete rite it kitesurfplak opbettere. De organisaasje tinkt dat it kitesurfgebiet en de lisgreide no better begeanber bliuwe. Mei it frijkommen sân is it strân grutter makke, sadat mear minsken derfan genietsje kinne.

De kliffen yn Gaasterlân binne unyk yn Nederlân. De gloaiïng yn it lânskip is ûntstien troch it opstowen fan it balstienliem yn de foarlêste iistiid. Oan de ôfsluting fan de Sudersee yn 1932 hat de see hieltyd stikken lân fuortslein en sa ûntstiene eroazjeplakken en steile skeanten yn it balstienliem. It Murnzer Klif, Reaklif en Aldemardumer Klif binne de sichtbere resultaten dêrfan.

Natuer en rekreaasje
De Rysterbosk en it Murnzer Klif binne sûnt 1941 yn besit fan It Fryske Gea. Hoewol’t de lokaasje om syn baaikultuer bekend stiet, is it tsjintwurdich ek ien fan de bêste kitelokaasjes fan Europa.

Murnzer Klif (foto: It Fryske Gea)

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter