Diel dit berjocht

Troch de bouhoeke

Eabele van der Veen: It Jabikspaad del (4)

Fan Frjentsjer nei Minnertsgea

Op 30 jannewaris 2020 kuierje ik wer in part fan it Jabikspaad. Om alve oere hinne kom ik yn Frjentsjer oan op it plak dêr’t ik de foarige kear opholden bin. Foarby de brêge oer it Van Harinxmakanaal begjint it histoaryske stedssintrum. It paad rint by talleaze monuminten lâns. Ik haw nea witten dat Frjentsjer safolle moaie gebouwen hat. Frjentsjer hjitte yn de iere midsiuwen Froonacker. Dat betsjut dat hjir doe boulân wie. Ik sjoch in strjitnammebuordsje mei de namme Godsakker derop. Dizze stêd hat altyd wat mei boulân en nôt hân. Oan it plein by de Martinitsjerke steane allegearre âlde gebouwen. De tsjerke is mei soarch restaurearre. De muorre fan it skip falt op. Wat hawwe dy stiennen moaie kleuren! Alles lit jin tinke oan in ryk ferline. Frjentsjer wie de twadde stêd yn ús lân mei in Akademy. Yn de Frânske tiid is dat opholden.

 

Martinitsjerke Frjentsjer (eigen foto)

Elkenien ken Eise Eisinga, mar de Frjentsjerters hawwe nóch in hiel bekende astronoom yn harren fermidden hân. Dat wie Jan Hendrik Oort, hjir berne yn 1900. De fontein by de yngong fan de tsjerke hjit De Oortwolk en is makke yn it ramt fan LF2018. By it keunstwurk stiet in buordsje mei útlis. Der stiet op: De fontein is in oade oan de wrâldferneamde, yn Frjentsjer berne Jan Hendrik Oort. Syn ûnderstelling dat der om ús sinnestelsel hinne in ‘wolk’ fan komeeteftige objekten him beweegt, betsjutte in trochbraak yn de astronomy. Ik fyn it in moai keunstwurk.

It paad giet fierder by it hiel bysûndere Korendragershúske lâns en dêrwei nei de stedswâl. Dêrwei is goed te sjen hoe geef oft de âlde binnenstêd is. Oan de oare kant fan de stedsgrêft oankommen rin ik oer in skilpaad, by sportfjilden, in iisbaan en wenarken lâns, nei de rûnwei ta. Dy foarmet de skieding fan stêd en lanlik gebiet. Arkem hjit it hjirre, in âld buorskip. Ik moat oer it hiem fan in grutte pleats. Bytsje lestich, fyn ik. Ik wol gjin gedoch mei de bewenners hawwe. Mar it is wol goed.

Tusken Skalsum en Boer (eigen foto)

Skalsum is it earste doarp nei Frjentsjer. Ik hie dêr earlik sein noch nea fan heard. Der is in moai tsjerkje en wat is it dêromhinne ferrassend mei dy âlde beammen en it steatlike grutte hûs. Efkes noardlik fan Skalsum is de autowei nei Ljouwert. Troch in tunnel hinne kom ik oan de oare kant fan de wei. Yn dy smelle, tsjustere en benearjende tunnel fiel ik my net op myn gemak. Ienkear oan ’e ein fan de tunnel kommen sjoch ik it wide lânskip fan Fryslân wer foar my. Oer in smel betonpaad kuierje ik nei Boer. Nei sawat in kilometer kom ik by âlde beamsingels en inkelde lytse kampkes lân lâns. It paad is no in púnpaad. It liket wol oft hjir ea in boerepleats stien hat. Efkes fierderop stiet in hûs. Dy minsken wenje wol hiel fier fan de bewenne wrâld ôf. Der leit in brechje oer in feart. It paad is hjir wer oars; no rin ik oer in rige betontegels. Lofts en rjochts fan my lizze grutte perselen boulân. It fjild is wiet, kâld en keal. In bytsje ûnherberchsum is it hjir wol, mar dêr haw ik gjin lêst fan.

Tsjerke fan Boer (eigen foto)

Ik kom yn Boer oan. In lyts terpdoarp. Wat stiet hjir in moaie tsjerke. Foaral de kleur falt op. Wynread. It listwurk fan de yngong hat in opfallende fersiering. Dy komt fan de Elgersmastate, dy’t ticht by de tsjerke stien hat. Hûndert jier lyn is dy state ôfbrutsen. De terpen noardlik fan Frjentsjer lizze yn rigen, op âlde kwelders. As ik fan Boer nei Rie kuierje, kin ik dy kwelder ûnderskiede. It lân is dêr wat heger, de stikken lân binne in bytsje bol en de wei is wat bochtich. Noardlik dêrfan hat noch lang in see-earm west. It fjild is der no ek noch wat leger en wieter. Rie betsjut wetterloop. Sa hawwe de feart en it doarp dy namme krige. De feart waard foarhinne drok befearn troch frachtskippen, dy’t yn Rie de produkten fan de boerebedriuwen ynladen. Der hat hjir ek in tichelwurk west. Moaie giele stientsjes waarden dêr makke.

Sicht op Minnertsgea (eigen foto)

Nei dit doarp kom ik wer yn de keale flakten mei kearsrjochte diken. It is de streek dêr’t yn it ferline de see-earm west hat. Troch de wietens fan it lân hat ticht by de Rie lâns lange tiid healân lein. Dat wie mienskiplik lân. De namme Mienskarleane ferwiist dêrnei. Der is no fûgeltsjelân. Yn ’e fierte sjoch ik foar it earst op myn tocht de seedyk lizzen. De toer fan Minnertsgea komt no ek yn it sicht. Dat doarp leit op ’e ein fan in oare rige terpdoarpen, de Bjirmen. Dy terpen lizze ek op in kwelder. Bylâns grutte pleatsen rinnend kom ik yn Minnertsgea oan. Ik wie eins fan doel om hjoed nei Sint-Jabik te rinnen, mar ik kom by in bushalte lâns dêr’t de bus nei Ljouwert al foar my klear stiet. Sa’n tafallichheid moat ik net oan my foarbygean litte, fyn ik. Sa komt der wer in ein oan in moaie dei kuierjen.

Foto op de thússide: Op nei Boer

De fiifde ôflevering sil op freed 7 juny te lêzen wêze. De foargeande ôfleveringen binne noch op www.itnijs.frl te finen.

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter