Diel dit berjocht

Troch de Lendedelte

Hjoed, 6 maart 2022, giet myn tocht troch de Lendedelte. Dy is, krekt as de Tsjongerdelte, foarme troch gletsjers dy’t hjir yn de oertiid oan takommen binne. It gebiet leit tusken Wolvegea en Oldemarkt. Yn Oldemarkt kin ik wer op de bus stappe.

Fan Wolvegea nei Oldemarkt

 Wolvegea, Tsjerke op de Hichte
(eigen foto)

By stasjon Wolvegea kom ik al gau wer op de rûte fan it Jabikspaad. Wolvegea is in behoarlik grut plak mei in protte bedriuwichheid en genôch winkels. Yn de buorren steane âlde en nije, lytse en grutte wenten trochinoar hinne. Hiel oars as by ús yn it nije lân. Nei in healoere stappen kom ik by de âlde herfoarme tsjerke. Dy haw ik nea earder sjoen. Ut de trein wei is de grutte roomske tsjerke wol goed te sjen, mar dizze falt net op. It is in moai tsjerkje, sa’t it dêr stiet op in hichte tusken grutte beammen yn. Op in noflik bankje kin ik alles goed yn my opnimme. It sintsje skynt en de kofje smakket lekker.

Dan set ik ôf yn de rjochting fan Sonnegea. Ik sjoch nochal wat maneezjes. Drave mei hynders is yn dizze kriten in belangrike sport wurden. Efkes bûten de beboude kom kin ik oer de feanpolder sjen dy’t fan de Tsjonger ôf oanmakke is. Sonnegea en Wolvegea lizze op in sânrêch dy’t stadichoan ôfrint nei de delten fan de Tsjonger en de Lende. Dat is hjir dúdlik te sjen.

De klokkestoel yn Sonnegea
(eigen foto)

Der stiet in klokkestoel yn de buorren. Der is in blinkend koperen waarhoantsje boppe-op set. Hjir gean ik yn súdlike rjochting fierder. It wurdt wat boskich. Troch de stoarm fan 18 febrewaris (Eunice) binne der hiel wat beammen omwaaid. It liket my ta dat dy net goed woartelje koene trochdat se gjin romte genôch hiene. Bosken dêr’t de beammen sa deun opinoar steane, wurde yn myn eagen prikkebosken mei in soad deade takken. De hulzebeammen yn dizze boskjes fyn ik wol moai. De ferkearswei dy’t ik oerstekke moat is de Pieter Stuyvesantwei. Wa ken Pieter Stuyvesant net? Hy is berne yn Pipergea. Dat wie yn 1592. Syn heit wie dêr dominy. Pieter hat in roerich libben hân. Hy wie net ien fan de makliksten. Op Kurasau hat er ek de baas west. Dêr rekke er ferwûne yn in slach mei Spanjerts. Syn skonk waard ôfset en hy krige in houten skonk. Dy liet er mei sulver beslaan. Yn Amearika hie Nederlân destiids in koloanje. Stuyvesant waard gûverneur fan Nieuw-Amsterdam. Uteinlik hat er sels dy fêstiging oan de Ingelsken ferkocht. Dat wie tsjin it sin fan syn bazen fan de West-Indische Compagnie yn Amsterdam. Nieuw-Amsterdam waard New York. Pieter syn grêf is noch te besichtigjen yn dizze stêd. Yn Wolvegea stiet syn stânbyld. Mei keunstskonk en al. Fanwegen dat byld wurdt er hjir wol Piter Poat neamd.

Bankje fan Tine Bouma
(eigen foto)

Oan de súdkant fan de trochgeande dyk giet it paad by in boskrâne lâns. It rint hjir moai en it wurdt waarmer. De trui kin út. Om tolve oere kom ik by in nij en stevich houten bankje oan. Dêr wol ik wat rêste en ite. Op de bank is in koperen plaatsje skroefd mei in tekst yn it Stellingwerfsk.

Even noffelik bekommen
En dan weer an de zwarf
deur et mooie Stellingwarf
Anbeuden deur Tine Bouma

“Tankjewol foar de bank en dy wurden”, soe ik sizze. De tekst jout goed oan hoe’t it is om hjir sa te swalkjen. Ik sjoch út oer in stik boulân dêr’t fûgels tahâlde kinne. De tiid foar de ljippen is der wer, mar it is deastil yn dit fjild. Ik gean de Meentwei op; dy giet nei it súdwesten en ik moat him sa’n twa kilometer folgje. It paad giet oer de skieding fan de sânrêch en it keale fjild fan de Lendedelte. Skean lofts foar my, sjoch ik yn ’e fierte al de tsjerke fan Oldemarkt. Op de sânrêch binne op regelmjittige ôfstân, yn ien rjochting, beamwâlen oanplante. Dêrtusken lizze grutte perselen boerelân. It fjild nei de Lende ta is allinnich mar greide. Oan de Meentwei steane grutte boerepleatsen. Ik kom op it plak dêr’t it Jabikspaad wer yn in oare rjochting giet. By de trijesprong is in oarlochsmonumint, ta de neitins oan it delstoarten fan in Ingelsk fleantúch hjir tichteby. Sân jongkeardels fûnen hjir de ein fan harren libben. No is it oarloch yn Ukraïne. Der komme in soad tinzen yn my op. Hoe sil it komme mei de minsken dêr?

Kearslûs yn de Lende by Gapenburg
(eigen foto)

No giet it oer de Sasweg rjocht op de Lende oan. As ik dêr oankom blykt my dat der in kearslûs is. Op in boerd lês ik dat de slûs makke is nei de stoarmramp fan 1825. De skutslûs dy’t hjir ek west hat leit op in oar plak as wêr’t no it wetter is. Tichteby, yn in sompich wylgeboskje, is it âlde streambêd mei noch wat wetter deryn te sjen. It opfallende wite hûs wie de slûswachterswente. Yn it gersfjild dêrfoar binne de restanten fan de slûs bedobbe. De kearslûs is koartlyn restaurearre. In nijsgjirrich plak. Oer de kearslûs rint in fytspaad. Dêr wurdt hjoed ek al drok gebrûk fan makke. It fytspaad by de Lende lâns is altyd drok. Ik folgje hjirwei de fytsrûte fan it Jabikspaad. It giet earst tichteby de Lende lâns, mar letter troch in feangreidegebiet oer in wei, in heale kilometer fan it rivierke ôf. Dêr is de Lende yn in marke, It Wide, feroare. De boaiem derfan is troch gletsjeriis útsliten. De greiden binne wiet. Dêr sjoch ik in kloft seefûgels en sa’n tritich strânljippen, dy’t drok om fretten sykje. Skriezen en ljippen sjoch ik net. Letter, tichter by Oldemarkt, fljocht in keppeltsje ljippen oer my hinne. Ik bin benijd hoefolle greidefûgels oft hjir ein april tahâlde. Op nei Oldemarkt wurdt it fjild wat drûger en heger. Fryslân en de Lendedelte lizze efter my.

Fearhûs Oldemarkt (eigen foto)

Oldemarkt leit op de râne fan de hege grûnen fan it Stienwikerlân. It is in behoarlik grut doarp mei in lange skiednis. Der is ek in soad nijbou. Minsken meie hjir tink graach wenje. In bysûnder gebou dêr’t ik by lâns kom is it fearhûs by it haventsje. Oldemarkt is troch it Mallegat mei de Lende ferbûn. Der hat frachtferkear west en faaks ek persoaneferfier. It fearhûs hat in opmerklike bou en is mei syn wite kleur in echte eachlûker. It Jabikspaad folget de lange haadstrjitte troch it doarp. Healwei is in bushalte. Dêr nim ik de bus nei Stienwyk.

Eabele van der Veen

Foto op de hiemside: De Lendedelte by ’t maitiid (eigen foto)

De tolfde ôflevering sil op 13 septimber te lêzen wêze.
De Lende, sjoen fan de kearslûs ôf (eigen foto)

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter