Diel dit berjocht

Troch de Weerribben

Op 4 maaie 2022 lis ik wer in part fan myn kuiertocht ôf. Troch in oanriding op in spoaroergong tusken Swol en Meppel giet de treinreis muoisum. Aldergelokst slagget it my om as ien fan de earsten yn de ferfangende bus nei Meppel te stappen. Fan Meppel ôf kin ik mei de trein mei Stienwyk ta, mar dêr moat ik trije kertier op de bus nei Oldemarkt wachtsje. Al mei al duorret de hinnereis trije oere. It lêste ein mei de bus is gesellich. Ik bin de iennige yn dy bus, dat de frou dy’t de bus bestjoert makket in praatsje mei my. Blykt in muoike fan har by ús yn ’e strjitte te wenje en ik ken har goed. De wrâld is lyts, sizze we dan. Yn Oldemarkt winsket se my in noflike kuiertocht, en dat wurdt it ek.

Fan Oldemarkt nei Bloksyl

De blommen oan it Langepad (eigen foto)

Ik bin al gau bûten it doarp. Yn in moai parkje gean ik efkes sitten. Der is hjir in fiver dy’t nea drûch falt, lês ik. It reinwetter dat op it hegere Stienwikerlân falt kin troch de liemlaach net fuortsakje. Oer dy laach streamt it dizze kanten út. Ik kom op it Langepad, in fytspaadsje mei oan wjerskanten brede beamwâlen. Dêr steane moaie blommen. De maitiidskleuren binne prachtich moai. Oan ’e ein fan dit paad, in pear kilometer fierder, is in moai boskje. It is iterstiid en der stiet in picknicktafel. In noflike sit. It liket hjir wol in bytsje bûtenlân. Bosk en wat gloaiend boulân, in skildereftige kombinaasje. De oergong nei it sompige greidlân is hierskerp. De liembult fan it Stienwikerlân ferdwynt út it sicht.

Weerribben (eigen foto)

Ik bin no by de sompige Weerribben. By dit natuergebiet lâns leit in brede feart. Der lizze no noch net folle boaten. Nei in brêge kom ik op de Meentweg. Ik rûn tusken Wolvegea en Oldemarkt ek al oer in wei mei deselde namme.
Meent is hjir in begryp. Ik tink ek oan de Rottige Meenthe en oan De Meenthe, it teäter yn Stienwyk. Neffens my hat it hiele gebiet fan de Weerribben yn mienskiplik gebrûk west. Faaks is it ûntginnen fan it fean wat te rûch gien, is der te folle turf groeven en krige it wetter frij spul. It waard dêrtroch reidlân mei broekbosk en brede wetters. Dêr’t ik no kuierje, sjoch en belibje ik dat allegearre. Guouzen en einen op it wetter, fûgelsang yn de beammen en it reid, en yn de brede berm in ferskaat oan planten.

By Paasloo (eigen foto)

Nei in tydsje kom ik by in oar kanaal. Oan dit wetter steane hjir en dêr húskes. Hiel krappe wenten fan de feanarbeiders. Wy fergapje ús no oan de earmoed fan hûndert jier lyn. Oer in brêge hinne kom ik op in paadsje nei Kalenberg. Twa kilometer troch in boskich lânskip. Der is hjir in grutte einekoai. It is der wer allegearre fûgelsang om my hinne. Dan kom ik oan yn Kalenberg. In lyts en lang lintdoarp oan de Kalenbergergracht. It doarp is yn de ferfeaningstiid ûntstien. By de brêge is de buorren fan it doarp. Ik praat efkes mei de brêgewachter. Op simmerdagen komme hjir mear as fjouwerhûndert boaten lâns, fertelt er. Hjoed hat er noch mar fiifentweintich hân. Eartiids wie it kanaal de iennige ferbining hjirwei nei oare doarpen. No is der in dyk efter de huzen oan ien kant fan de feart lâns. Oan de oare kant fan it wetter leit in fytspaadsje. Dat rint feitlik troch de foartúntsjes fan de huzen. Oer de sydsleatten lizze houten brechjes. De bewenners hawwe in protte pottekikers. Ik sjoch yn in hûs in ferkiezingsposter fan de CPN lizzen, list 5. Dat moat fan lang lyn wêze. Hast alle huzen binne lúkse fakânsjewenten wurden.

De buorskip Nederland (eigen foto)

Kalenberg leit no efter my. Ik kom wer yn de natuer. Oer in slingerpaadsje kom ik yn de buorskip Nederland oan. Ek in bysûnder plakje, fier fan de bewenne wrâld. Op in sânkopke fan sa’n tsien bunder midden yn de sompen steane in pear wenten en in boerepleats. Ik sjoch ek in bedriuw fan in reidsnijer. Yn lange rigen stiet it reid by in feart lâns opheape. It plaknammeboerd hjir waard faak troch ûnbekenden meinommen. Sa giet dat yn ús lân. Nei dit plakje wurdt it fjild folle iepener. Yn de fierte sjoch ik Blokzijl lizzen. By in moai wetterke lâns rin ik in pear kilometer nei de trochgeande dyk tusken Stienwyk en Blokzijl. As ik dêr oankom fielt it krekt as kom ik wer yn in hiel oare wrâld. De betsjoening fan de Weerribben is foarby.

No rjochtsje ik my wer op wat oars. Op de weromreis. Yn Blokzijl kin ik kieze: óf mei de bus nei Emmeloard, óf mei de bus nei Stienwyk en dêrwei mei de trein nei Lelystêd. Ik nim de bus nei Emmeloard. Dêrwei is der in sneltsjinst nei Lelystêd. It is nei dizze kuier wer goed thúskommen.

Eabele van der Veen

Foto op de hiemside: Boerepleatske yn de Weerribben (eigen foto)

De trettjinde ôflevering sil op 27 septimber te lêzen wêze.
Weerribben. By einekoai (eigen foto)

 

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter