Diel dit berjocht

Ynformaasjepunt De Alde Feanen iepen

It Fryske Gea iepene koartlyn yn gearwurking mei it nasjonaal park De Alde Feanen it Ynformaasjepunt mei dyselde namme. Op ’e Wiidswei 32 yn Earnewâld sitte frijwillige meiwurkers klear om minsken te ynformearjen oer kuierrûten, fytsrûten en alle aktiviteiten yn it gebiet. Der wurde ek ekskurzjes mei in natuergids organisearre foar jong en âld.

De doarren fan it ynformaasjepunt De Alden Feanen steane iepen foar húshâldingen, leden en oare natuerleafhawwers. It Fryske Gea set him yn foar beskerming, behear en ûntwikkeling fan natuergebieten. Natuer, lânskip en erfgoed steane dêr sintraal by. Dy trije wearden komme yn De Alde Feanen prachtich byinoar. Is is net om ’e nocht dat dat gebiet de status fan nasjonaal park hat. De Alde Feanen is ien fan de grutste sompen yn West-Europa en hat in grutte ôfwikseling fan lânskippen, mei in protte wetter, reidlannen en in grut ferskaat oan bisten en planten.

Yn ’e simmerfakânsje is it ynformaasjepunt woansdeis oant en mei sneins fan 11.00 oant 16.00 oere iepen.

Foto: It Fryske Gea

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter