Diel dit berjocht

De kroan fan de kening

Dizze PC is de PC fan in nije generaasje. Der steane in soad nije nammen op ’e list. Nûmer 1 bygelyks is in partoer dat hielendal út debutanten bestiet. Nei in drege partij geane Gerard de Vries, Jeroen de Boer en Klaas Pier Folkertsma der lykwols tsjin trio André van Dellen ôf. Yn totaal binne der op de fiifde woansdei fan july tsien keatsers dy’t foar it earst op it Sjûkelân ferskine. Noch nea hawwe der safolle debutanten op in PC west.

Links de debutanten. Foto Henk Bootsma

Perfoarst gjin debutant is Hans Wassenaar. De âld-PC-winner en -kening falt yn by Remmelt Bouma en Kevin Jordi Hiemstra. De earste bal dy’t er kriget, slacht er boppe. Mar se moatte fuort tsjin ien fan de kânshawwers, trio Steven Koster, in jong en talintfol partoer. Op 4-3 en 6-6 slacht Rick Minnesma op. Der leit mar in lyts keatske, mar hy pakt it. Hat hjir in wikseling fan de macht plak? Minnesma sprint nei Hans Wassenaar, giet foar him stean en daget him út. Dat is in symboalysk momint, want Wassenaar c.s. giet derôf. Rick Minnesma skuort de partij der mei in pear formidabele slaggen troch.

In oar debutantepartoer bestiet út de jonge keatsers Jorrit Nanninga, Mark Minnesma en Brent Timmerman. Dy komme allegearre út Dronryp. Spitigernôch moatte se belies jaan tsjin Marten Bergsma c.s., mar se jouwe goed partij tsjin dat partoer, dat ien fan de kânshawwers is.

Op Jelle Cnossen út Boalsert nei, hellet net ien fan de debutanten de twadde list. Hy keatst mei Peter van Zuiden en Willem Heeringa, dy’t beide al njoggen kear meidien hawwe. Debutant Cnossen giet der mei syn partoer ôf tsjin de priiswinners Menno van Zwieten, Gabe-Jan van Popta en Tjisse Steenstra.

Der binne op dizze PC lykwols wol in pear keatsers dy’t foar it earst in priis winne. Lykas de treddepriiswinners Hendrik Bouwhuis en Stefan van der Meer. Foar Stefan van der Meer wie it de tredde PC, de oaren hiene al folle faker meidien. Se koene it net oprêde tsjin Steven Koster, Gerben de Boer en Rick Minnesma.

Menno van Zwieten en Gabe-Jan van Popta komme foar it earst yn de finale. Foar Van Popta is it teffens de earste kear dat er in priis wint op de PC. Sy keatse mei Tjisse Steenstra, de grutte keatser op it stuit en de man yn foarm. Dochs krije de grutte favoriten – sy wûnen 10 fan de 15 frije formaasjepartijen – it net kado. Mei alles oan ’e hang winne se it krekt fan it partoer fan Gert-Anne van der Bos, mei Teake Triemstra, de lieder fan it punteklassemint fan alle tiden.

Dochs is der wol in ferskowing yn it keatsen. It jonge partoer fan Koster docht in greep nei de macht. Se kinne it lykwols krekt net hâlde tsjin Tjisse Steenstra, dy’t syn partoer by de hân nimt en sa de oerwinning pakt. De nije generaasje moat noch efkes wachtsje. De wikseling fan de macht is noch net folslein. Tjisse, kening Tjisse, pakt de keningspriis foar de tredde kear efterinoar en hâldt de kroan wer in jier op. Lykwols, nije en jonge keatsers klopje op de poartedoar fan it slot op it Sjûkelân.

Hein Jaap Hilarides

Op de hiemside: De winners f.l.n.r. Menno van Zwieten, Tjisse Steenstra en Gabe-jan van Popta (foto Henk Bootsma)

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter