Diel dit berjocht

Folgje de Slachtemaraton streekrjocht by Omrop Fryslân

Nei acht jier ferskine dit jier wer tûzenen rinners oan de start fan de Slachtemaraton. Omrop Fryslân is derby, fan begjin oant ein en soarget derfoar dat gjinien wat hoecht te missen.

Mei acht ferslachjouwers op ferskate lokaasjes wurdt út alle punten fan de tocht wei ferslach dien. Op telefyzje binne alle stappen streekrjocht te sjen en op radio is de hiele dei troch nijs oer de tocht te hearren. Yn it livebloch op Omropfryslan.nl en de Omrop-app binne alle updates oer de Slachtemaraton te lêzen. De earste rinners binne om 7.00 oere fan start gien. Ferslachjouwer Jantine Stoffers rint de 42 kilometer lange tocht mei en docht streekrjocht ferslach fan wat se sels en de oare dielnimmers belibje.

Hurdrinne
Neist al dy rinners dogge der ek hûnderten hurdrinners oan de Slachtemaraton mei. Dy koene út de hiele of de heale maraton kieze. Dy tocht is by Omrop Fryslân ek te folgjen. Ferslachjouwer Arjen de Boer rydt efter op de motor mei en kin sa fan tichteby fertelle hoe’t de wedstriid ferrint.

De Slachtemaraton
De Slachtemaraton is in maraton fan 42 kilometer troch it Fryske lânskip en rint oer de âlde Slachtedyk. De dielnimmers wurde ûnderweis ferrast troch byldzjende keunst, teäter, dûns en muzyk, by de rûte lânsen yn de doarpen.

Streekrjocht by Omrop Fryslân
Op sneon 15 juny is de Slachtemaraton de hiele dei by Omrop Fryslân te folgjen. Snein 16 juny wurdt fan 17.30 oere ôf, alle oeren, in kompilaasje fan de tocht útstjoerd mei alle moaie mominten, bylden en ferhalen.

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter