Diel dit berjocht

Karst Doevendans Panskipper

Karst Doevendans is freedtejûn beneamd ta Skipper yn de Oarder fan de Sneker Pan. Hy is de 69ste yn de rige. It barde by de offisjele iepening fan de Snitswike yn de Martinitsjerke fan Snits. Mei dy ûnderskieding earet de gemeente Súdwest-Fryslân – op foardracht fan de Keninklike Wettersportferiening Snits (KWS) – alle jierren immen dy’t him fertsjinstlik makke hat foar de sylsport en de Snitswike. De ûnderskieding is yn 1954 ynsteld troch de doetiidske gemeente Snits. Sûnt 1966 heart by de ûnderskieding in koperen pankoekspanne dêr’t it stedswapen fan Snits yn ferwurke is. 

Doevendans (61) is sûnt 2015 foarsitter fan de KWS. Earder wie er ponghâlder. Hy beklaaide noch ferskate oare funksjes by de KWS lykas foarsitter fan it komitee priisútrikking. Hy wie ek foarsitter fan it Dicky van der Werffûns (foar it Snitser SKS-skûtsje). No is er direkteur fan de Stichting Skarsweagen. Dat hâld ûnder mear yn dat er, tegearre mei de gemeente, ferantwurdlik is foar it behear en it ûnderhâld fan it Starteilân. Boppedat is Doevendans ek noch mei-oprjochter fan de Stichting Sneekweek. 

Bysûnder is dat Doevendans sels nea aktyf sylde, mar dat er op hiel jonge leeftiid al wol mei de sylsport yn oanrekking kaam. As jonkje wie er in soad op de mar te finen: farrend en fiskjend. Op in kear mocht er mei yn de boeieboat fan de KWS. Dy boat is ferantwurdlik foar it lizzen en op it goede plak hâlden fan de boeien. 

“Hy koe goed prate en op de sinten passe. Dêrtroch, yn kombinaasje mei it DNA fan syn famylje, lei in bestjoerlike karriêre foar de hân”, sei boargemaster Jannewietske de Vries freedtejûn, “en wat in ynset, wat in passy!” It entûsjaste en lange applaus dat folge makke dúdlik dat de ûnderskieding Doevendans fan herten gund wurdt.

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter