Diel dit berjocht

Spikerhurde striid om finaleplak by WK Frysk Damjen yn Harns

Moandeitejûn 19 en tiisdei 20 augustus wie yn de riedseal fan it Harnzer stedhûs de spanning om te snijen. Jelle Wiersma hie him al fersekere fan in finaleplak. Teake Kooistra moast it noch tsjin him opnimme, en hy wûn troch in feninich slachsetsje. Dêrmei wiene der al twa finalisten. Mar wa soene de oare beide wurde?

Marten Walinga (l.), Ties Slagter (foto: St. WFD)

Yn teory wiene der mar leafst acht kânshawwers, mar it tal belytse hurd. Lukasz Kosobudzki en Folkert Groenveld waarden útskeakele troch resp. Marten Walinga en Fedde Kramer, en dy twa makken no in goede kâns mei harren 4,5 punt. Spilers dy’t net fierder komme koene as 4 wiene no ek útskeakele. Mar Ties Slagter koe noch gelyk komme mei Kramer en Walinga, en hoegde dêr allinnich de jongfeint Siward Walinga (0 punten) foar te ferslaan. Mar it rûn net sa glêd fan ’e tried. Walinga jr. boude in hiel deeglik spul op, en fan it lette middenspul ôf wikselen de kânsen geduerich. Beide lieten se geregeld in fuortsetting nei winst lizze, en by einsluten like it spul op kamp út te rinnen. Mar Siward Walinga moast dan wol in lestich te finen offer spylje, folge troch in plakker, en dat die bliken te folle te wêzen. Op it lêst rekken syn setten op en wûn Ties Slagter de partij.

Dêrmei wiene der fiif kandidaten foar de finale, dêr’t noch ien fan ôffalle moast. Dêrta spilen Marten Walinga, Ties Slagter en Fedde Kramer tiisdei 20 augustus in barraazje, hieltyd mei de helte fan de normale tinktiid, mar altyd noch goed foar twa oeren de partij. Yn de earste partij besocht Slagter definsyf te spyljen tsjin Walinga, mar hy krige in lestich gambyt foarset: in skiif foardiel yn in lestige stelling. It slagge him net om dêrút te kommen, en de ein fan it liet wie, hy waard fan it boerd reage.

Ties Slagter (l.), Fedde Kramer (foto: St. WFD)

Slagter hie lykwols gelok tsjin Kramer. Yn it middenspul seach dy de mooglikheid fan in skitterjende kombinaasje, mar doe’t er dizze útfiere soe, seach er ien detail oer de holle. Dat koste him in stikmannich skiven en frij rap dêrnei de partij.

Om noch hieltyd kâns te meitsjen moast Kramer no wol winne fan Walinga, mar dat foel net ta. Yn in op himsels lykwichtich ferrinnend spul seach er te let dat syn linkerkant opsletten waard troch in minderheid fan syn tsjinstanner. Hy koe no kieze tusken domwei skiven jaan sûnder kompensaasje of in winnende kombinaasje tastean. Hy die it lêste, en sa sloech Walinga himsels oertsjûgjend yn de pool foar de finale.

De finalisten binne dus: Jelle Wiersma, Teake Kooistra, Marten Walinga, Ties Slagter. Hja moatte elk twa kear tsjin alle oaren spylje. De earste partijen begjinne woansdei 21 augustus om 10 oere.

Einstân foaromlopen:
1-2 Jelle Wiersma, Taeke Kooistra (5,5 p.)
3-4 Marten Walinga, Ties Slagter (4,5 p.)
5 Fedde Kramer (4,5 p.)
6-9 Folkert Groenveld, Willem Schaap, Lukasz Kosobudzki, Hein de Vries (4 p.)
10 Petra Dusková (3,5 p.)
11-12 Dicky van der Meer, Auke Zijlstra (3 p.)
13-14 Porter Richardson, Aleksej Domcev (2,5 p.)
15 Malte Schulz (1 p.)
16 Siward Walinga (0 p.)

Spylskema woansdei 21 augustus 2024
Taeke Kooistra – Marten Walinga
Ties Slagter – Jelle Wiersma
Marten Walinga – Taeke Kooistra
Jelle Wiersma – Ties Slagter

Om 10.15 oere is der op ’e Bartentszwerf in iepen publykstoernoai, foar elk dy’t wol, yn ’e fariant FRYSK!: Frysk Damjen mei 5 skiven de spiler.

Taheakke: Toernoaiboek WK2024

Foto thússide: Fedde Kramer (l.), Marten Walinga (foto: St. WFD)

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter