Diel dit berjocht

Werom sjen: Sulveren bal 2024

De Sulveren Bal is de rapste reedrydshow en fûn op woansdeitejûn 13 maart 2024 foar de achtste kear plak yn de Alvestêdehal yn Ljouwert. Mei de bêste ynternasjonale sprinters oan de start, spannende wedstriden oer 100 meter en in spektakulêre show wie it in geweldige jûn.

Hieltyd striden der trije absolute toppers tsjin inoar foar in plak yn de folgjende ronde. Uteinlik bleaunen de trije rapste froulju en manlju oer. It publyk stie ûnder de wedstriden direkt tsjin de kessens en fielde it iis by de start opspatten! Absolute topsport yn kombinaasje mei unyk entertainment levere in geweldige jûn op! ~~~ Jordan Stolz (USA ), Femke Kok, Jenning de Boo, Dione Voskamp, Marten Liiv (EST) en Stefan Westenbroek stiene op woansdei 13 maart oan de start. De Sulveren Bal 2024 waard wûn troch Dione Voskamp en Jim Dhore.

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter