Diel dit berjocht

Wiersma koprinner nei earste twa omgongen finale WK Frysk Damjen

De earste dei fan de finale fan it WK Frysk Damjen yn Harns suggerearre dúdlik in beskate ôfrin. Ties Slagter, dy’t yn ’e foarwedstriden en barraazjes tige goed spile hie, koe gjin manier fine om fan Jelle Wiersma te winnen. Wiersma liek de earste partij maklik te winnen en besliste de twadde mei in fraaie kombinaasje, om sa twa punten te pakken.

Kooistra (l.), Wiersma, Slagter, Walinga (foto: Ubbo Posthuma)

Marten Walinga en Teake Kooistra hiene inoar yn ’e twadde omgong fan it kwalifikaasjetoernoai al moete, dêr’t Walinga wûn hie. Diskear wist Kooistra yn ’e earste omgong remize te hâlden, mar moast er yn ’e twadde omgong yn it stof bite om’t Walinga stadichoan mar seker in bettere einstân opboude.

De stân: Wiersma 2 punten, Walinga 1,5 punt, Kooistra 0,5 punt, Slagter 0 punten. De tredde en fjirde omgong wurde op freed 23 augustus spile.

Wylst de finales yn it stedhûs spile waarden, spilen fjouwer ynternasjonale ploegen fan elk fiif spilers in toernoai FRYSK! (Frysk damjen mei mar fiif stikken de spiler). De Fryske ploech wûn mei 21,5 punten út acht omgongen. De kombinearre Poalsk-Litousk-Tsjechysk-Nederlânsk-Fryske ploech waard twad nei in ôffalpartij tsjin in oare ynternasjonale ploech ûnder lieding fan de Kanadeeske Alix Bouffard (beide 21 punten; ôffalpartij 3,5-1,5).

De bêste yndividuele spilers wiene Łukasz Kosobudzki (6 punten) en Folkert Groenveld (5,5 punten).

Taheakke: Toernoaiboek WK2024

Foto thússide: Op ’e foargrûn Kosobudzki (l.), Groenveld (foto: Ubbo Posthuma)

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter