Diel dit berjocht

Wrâldkampioenskip Frysk Damjen

​It Wrâldkampioenskip Frysk Damjen sil fan 16 oant en mei 24 augustus yn Harns holden wurde. Sechstjin dielnimmers geane mei-inoar de striid oan yn sân omlopen. Dêrnei meie de bêste fjouwer troch nei in finale. Mei in protte nije en jonge gesichten kinne de taskôgers op moaie wedstriden rekkenje.

De partijen:
Aleksej Domčev – Jelle Wiersma
Taeke Kooistra – Auke Zijlstra
Dicky van der Meer – Ties Slagter
Petra Dušková – Marten Walinga
Łukasz Kosobudzki – Porter Richardson
Malte Schulz – Fedde Kramer
Hein de Vries – Folkert Groenveld
Willem Schaap – Siward Walinga

Salang as it kampioenskip duorret binne besikers fan herten wolkom yn ’e Willem Bartentsz Expo (Willemskade, 8862 RZ), dêr’t de livestream op in grut skerm te folgjen wêze sil. Dêr kin geniete wurde fan it selskip fan oare damfreonen en is der gelegenheid om de spilers te moetsjen. Sjoch foar ynformaasje en iepeningstiden en oare aktiviteiten op WCC 2024 (frisiandraughts.com).

Taheakke: Toernoaiboek WK2024

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter