Diel dit berjocht

Ferskillende dialekten fan Skotlân beharkje fia ynteraktive kaart

Om’t de stimmen om ’e tritich kilometer feroarje, is it dreech om krekt te kwantifisearjen hoefolle dialekten oft der ûnder de Skotske taalparaplu falle. Mar in rûzing giet út fan trettjin, ferdield as Orkney, Shetland, Caithness, Black Isle, Moray, Aberdeenshire, South Northern (South Kincardineshire en Northern Angus), North-East Central, East Central, West Central, South Central, Boarders en Ulster. De Skotten binne ek oer it wetter nei Ierlân gien mei it Iersk-Gaelysk.

Inverness en de Bûten-Hebriden steane net op de list. Om’t dy regio’s foar it grutste part Gaelysksprekkende gebieten binne, is dêr gjin spesifyk Skotsk dialekt foar registrearre. Yn Doric, de noardeastlike regio’s fan Skotlân, Súd-Skotsk, Scottish Borders, of Dundonian, it East Central North, hawwe alle dialekten oerienkomsten, mar it binne de ferskillen dy’t de Skotske taal sa ryk fariearre meitsje.

De ynformaasje op de ynteraktive kaart is ôfkomstich fan it Scots Language Centre, perfester Robert McColl Millar fan de Universiteit fan Aberdeen en in samling lokale minsken fan alle lokaasjes, dy’t harren unike kennis fan de enoarm fariearre Skotske taal diele. In samling fan echte Skotske stimmen út it hiele lân is byinoar brocht. Hoewol’t elk fan harren mar in lyts stikje lân fertsjintwurdiget, yllustrearje se mei-inoar it enoarme ferskaat dy’t de Skotske taal noch altyd hat.

Taalkundigen splitsten de Skotske dialekten op yn likernôch trettjin ferskillende gebieten, dy’t allegearre op de kaart behannele wurde. Fêststeld is dat dy de opfallendste eigenskippen of ferskillen hawwe as it giet om spraak, stavering en betsjutting. Der binne lykwols noch hûnderten dy’t allegearre harren eigen ûnderskiedende skaaimerken hawwe en de kaart tsien kear sa grut meitsje kinne soene as dy no is.

Efter alle stimmen skûlet in persoan dy’t wennet of wurket yn de regio dy’t er fertsjintwurdigje. Allegearre waaed frege om in pear wurden, sinnen of skaaimerken oan te jaan dêr’t se fan tochten dat dy typearjend foar harren fakgebiet wiene, foardat se harren stimmen opnamen wylst se op natuerlike wize praten.

Boarne: Press & Journal

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter