Diel dit berjocht

Meartalichheids-koördinator foar gemeente Noardeast-Fryslân

De gemeente Noardeast-Fryslân hat Wietske Poelman as meartalichheidskoördinator oansteld. De rike meartaligens yn dy gemeente is de reden dat dêr ferlet fan is. Noardeast-Fryslân hat in grutte ambysje op it befoarderjen fan it Frysk. En no dus ek as it giet om dialekten en streektalen.

Njonken it Frysk wurdt yn ferskate doarpen in dialekt of in streektaal sprutsen. Tink bygelyks oan it Dokkumers, it Kollumers, Muntsjesylsters en it Boerums. Al jierren bestiet der in Streektalewurkgroep yn ’e gemeente Noardeast-Fryslân. De groep wurdt útwreide mei fertsjintwurdigers fan alle oanwêzige libbene streektalen.

Wietske Poelman fan Gerkeskleaster-Strobos sil de funksje ynfolje. Frou Poelman praat sels Kloasters. De gemeente hat har ferline jier al oannommen as oersetter Frysk en taalprojektstiper. “Wy sette yn op it behâld en befoardering fan de Fryske taal. Yn oansluting dêrop is mear oandacht foar dialekten en streektalen fanselssprekkend”, neffens wethâlder Hanneke Jouta.

“It Frysk is ús Rykstaal en dy hat algeduerich ferlet fan stipe. Mar ek ús streektalen fertsjinje alle oandacht, it is in rykdom dy’t koestere wurde moat”, seit frou Poelman. “It is tige wichtich dat talen yn libben holden wurde en dat minsken harren eigen memmetaal brûke kinne. Oft dat no yn it iepenbiere libben is, yn de soarch, yn it toerisme of yn it ûnderwiis, men moat jin goed uterje kinne.”

Troch it Ryk en de Provinsje Fryslân is jild beskikber steld foar meartalichheidskoördinatoaren. Op it stuit is yn de provinsje Fryslân ien oare meartalichheidskoördinator en dy is wurksum foar de gemeente Waadhoeke.

Op de foto: wethâlder Hanneke Jouta (l.) en Wietske Poelman.

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter