Diel dit berjocht

400 Frysktaligen socht foar online eksperimint oer ûnderbewuste foaroardielen

Assosjearret it brein positive dingen mei de Fryske taal, of dochs earder mei de Nederlânske taal? En hoe sit dat dan mei negative dingen? Dr. Hielke Vriesendorp fan de Fryske Akademy en de Universiteit Utert freget de help fan 400 Frysktaligen, binnen en bûten de provinsje Fryslân, en fan 400 net-Frysktaligen om dat te ûndersykjen.

Vriesendorp ûntwikkele in online eksperimint, dat de ûnderbewuste hâldingen mjit oangeande it Frysk en it Nederlânsk mei de help fan in sorteartaak. De dielnimmer kriget plaatsjes en wurden te sjen dy’t posityf of negatyf binne, en wurden dy’t Frysk of Nederlânsk binne. De keppeling tusken de plaatsjes en wurden kin sjen litte oft it brein ûnderbewust Frysk of Nederlânsk mear mei positive (of just negative) dingen assosjearret, en lit dêrmei ûnderbewuste foaroardielen sjen.

It eksperimint duorret 10-15 minuten en oan ’e ein fan it ûndersyk kriget elke dielnimmer de eigen resultaten te sjen. Dêrmei kin in ynskatting makke wurde fan de eigen ûnbewuste foarkar. Vriesendorp hopet op safolle mooglik dielnimmers, om dêrmei in folsleiner ynsjoch te krijen yn de foaroardielen oer it Frysk en it Nederlânsk, sawol by Friezen en Frysktaligen sels as by net-Friezen en net-Frysktaligen.

Oer Hielke Vriesendorp
Dr. Hielke Vriesendorp is ûndersiker by de Fryske Akademy en bestudearret ymplisite hâldingen oangeande it Frysk en Nederlânsk. Op de Universiteit Utert is Vriesendorp wurksum as dosint Ingelske taalkunde en as dosint op it mêd fan ûndersyksmetoaden, statistyk en taalfariaasje.

It online eksperimint is net beskikber op ’e mobile telefoan.

2 Responses

  1. Nim my net kwea ôf, ik haw it besocht mar it wie my te dreech. De kategoryen fan ‘smileys’ wie my bygelyks net dúdlik en ik koe dêr gjin útlis by fine. Somtiden ferskynde in read krúske, dêr’t ik út opmakke dat ik it ferkeard dien hie. Wêrom wie dat dan ferkeard en wat hie dan goed west (en wêrom)? By de kombinaasjes fan ‘smileys’ en talen wie i hiekendal op ‘e doele rekke. Spitich. Ik bin Fryktalich én Hollânsktalich en hie faaks in nijsgjirrige bydrage oan it ûndersyk leverje kinnen. Op dizze wize wol it net slagje.

    Ed Knotter
    Beetstersweach

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

  • Reaksje (2)
  • Nim my net kwea ôf, ik haw it besocht mar it wie my te dreech. De kategoryen fan ‘smileys’ wie my bygelyks net dúdlik en ik koe dêr gjin útlis by fine. Somtiden ferskynde in read krúske, dêr’t ik út opmakke dat ik it ferkeard dien hie. Wêrom wie dat dan ferkeard en wat hie dan goed west (en wêrom)? By de kombinaasjes fan ‘smileys’ en talen wie i hiekendal op ‘e doele rekke. Spitich. Ik bin Fryktalich én Hollânsktalich en hie faaks in nijsgjirrige bydrage oan it ûndersyk leverje kinnen. Op dizze wize wol it net slagje.

    Ed Knotter
    Beetstersweach

Lit in reaksje efter