Diel dit berjocht

Boade – boadskip – boadskipje

“Ik ben boodschappen wezen doen.” Yn it Hollânsk klinkt dat gewoan, mar yn it Frysk kinne we dy sin ûnmooglik wurdlik oersette. By ús wurdt dat: ‘Ik haw boadskippe’ of ‘Ik haw te boadskipjen west’ en dat is net wurdlik yn it Hollânsk oer te setten.

By boadskippen tinke we meastal oan dingen dy’t we yn in winkel (of op ’e merk) keapje, omdat we dêr, bygelyks foar ús libbensûnderhâld, ferlet fan hawwe. As we dêr de doar foar út sille, sille we te boadskipjen en wa’t der al foar op út is, is oan it boadskipjen. By it haadwurd boadskip heart dus it tiidwurd boadskipje. Dat fine we sa gewoan as wat.

Yn it Hollânsk bestiet it tiidwurd boodschappen ek wol, mar as ik sizze soe “Ik ga boodschappen”, soe in Hollanner dêr wat nuver fan ophearre, tink ik. Dy soe sizze: “Ik ga boodschappen doen” of “Ik ga om boodschappen.” It tiidwurd boodschappen mei dan wol bestean, der wurdt amper gebrûk fan makke, komt my foar.

Beide wurden klinkt it wurd boade yn mei. Plattelanners dy’t foarhinne wat út de stêd hawwe moasten, hoegden dêr net sels in loop om te meitsjen. Dat koe dien wurde troch in boade; earst wiene dat beurtskippers, letter frachtriders dy’t der in boadetsjinst op nei holden. Sokke boaden wiene dus boadskiprinners. Se setten de auto yn de stêd op it boadeterrein, dêr’t alle frachtriders út de omlizzende doarpen dat ek diene. Yn Ljouwert wie dat op it Aldehoustertsjerkhôf. Sokke boaden wiene selsstannich, mar boade wie en is ek in tsjinstbetrekking, bygelyks de boade fan it gemeentehûs en de tsjinstboade dy’t gewoanwei faam neamd waard.

Boadskip/boodschap hat ek noch oare betsjuttingen. Alderearst: berjocht. ‘Wy krigen it boadskip dat pake in ûngemak hân hat.’ Soks komt út de tiid dat skiljen en appen noch net koe. As der dan haast by wie, waard der in boade op útstjoerd om sa’n meidieling oer te bringen. As sein wurdt dat dy ‘de boade die’, dan is yn dat gefal boade synonym oan berjocht. Yn myn bernetiid gie de boade fan de begraffenisferiening by de doarren lâns mei de meidieling dat der in doarpsgenoat stoarn wie. Sa’n leedomsizzer kaam mei in boadskip. De bringer fan sa’n boadskip is in boadskipper en gjin boadskiprinner.

Komt ien by jin oan ’e doar, dan kin men koart mar klear freegje: “Hiest boadskip?” Noch sa’n foarbyld: ‘Ik moat efkes by Piter oan. Ik haw in boadskipke.’ As it net folle om ’e hakken hat, hawwe we it oer in skytboadskip. Dat liket ticht by wer in oare betsjutting te lizzen, in lyts of in grut boadskip, mar dat is skyn. Dat wurdt sein troch minsken dy’t der in hekel oan hawwe om de dingen dy’t efter de húskedoar barre by de namme te neamen.

Bliid boadskip is de titel fan in bondel ferhalen út de Bibel troch J.W. Zantema neiferteld foar lytse bern (Boalsert, 1965). Bliid of goed boadskip is itselde as evangeelje. In offisjele bekendmakking wurdt ek wol boadskip neamd: bygelyks in kânselboadskip. Fierder kin boadskip ek om de betsjutting of strekking fan in berjocht, taspraak of boek gean: it boadskip wie dúdlik.

Ta eintsjebeslút: nijsgjirrich en needsaaklik om te witten is dat boadskip in it-wurd en boodschap in de-wurd is.

Jan Breimer

One Response

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter