Diel dit berjocht

Cornwall Council ropt op ta mear beskerming fan it Kornysk

De Cornwall Council ropt it regear fan Grut-Brittannië op om it Kornysk deselde erkenning en beskerming te jaan as de Ierske, Skotske en Welske talen. De oprop komt op de tsiende jierdei fan de erkenning fan it Kornysk as nasjonale minderheid ûnder it Ramtferdrach foar de beskerming fan nasjonale minderheden. Dêryn waard it rjocht fan de Kornyske befolking erkend om harren eigen kultuer en identiteit út te drukken, te behâlden, te dielen en te ûntwikkeljen.

De Kornyske taal (Kernewek) bliuwt lykwols de iennige Keltyske taal op de Britske eilannen dy’t gjin beskerming genietet op grûn fan Diel III (kêsten 8 o/m 14) fan it Europeesk Hânfêst foar regionale talen of talen fan minderheden. Kernewek is in wichtich ûnderdiel fan de kultuer fan Cornwall. De fiif groepslieders, dy’t alle 87 leden fan de Cornwall Council fertsjintwurdigje, hawwe in brief ûndertekene dêr’t se it regear yn oproppe om Diel III fan it Hânfest mei Kernewek út te wreidzjen.

Yn it brief stiet: “No’t de tsiende jierdei fan de erkenning fan it Kornysk as nasjonale minderheid dit jier (op 24 april) fierd wurdt, binne wy fan miening dat it in passend en tidich beslút wêze soe as it Britske regear de sekretaris-generaal fan de Ried fan Europa derfan op ’e hichte stelle soe dat foldwaande foarútgong boekt is om Diel III fan it Hânfêst op de Kornyske taal ta te passen.”

It is no 22 jier lyn dat it Britske regear de Kornyske taal erkende op grûn fan Diel III (artikel 7) fan it Europeesk Hânfêst foar regionale talen of talen fan minderheden, en de ôfrûne jierren hat men in sekere oplibbing fan Kernewek sjoen. Goed 8.000 skoalbern hawwe wille mei de Kornyske taal hân fia it Go Cornish-programma foar basisskoallen, yn opdracht fan de Cornwall Council, en hûnderten folwoeksen folgje Kernewek-lessen.

Pol Hodge, foarsitter fan Gorsedh Kernow, dielt yn it filmke in feestlik boadskip oer de tsiende jierdei fan de erkenning fan it Kornysk as nasjonale minderheidstaal.

Celebrating 10 years of Cornish national minority status from Cornwall Council on Vimeo.

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter