Diel dit berjocht

EBLT en Mercator fiere Europeeske Dei fan de Talen

Boarne: EBLT

Op tongersdeitejûn 26 septimber fiere it Europeesk Buro foar Lytse Talen (EBLT) en Mercator Europeesk Kennissintrum de Europeeske Dei fan de Talen, mei in paneldiskusje oer films yn regionale of minderheidstalen mei ferskate filmmakkers út Noard-Nederlân: Johanneke Dijkstra, Rob Camies, Steven de Jong en Janko Krist.

En… AKSJE!; films yn regionale of minderheidstalen
It EBLT freget al jierrenlang oandacht foar de stipe fan filmproduksjes yn minderheidstalen. Lokkich wurde der rûnom yn Europa mear films yn minderheidstalen makke, op hieltyd better nivo. Mar wat binne de erfaringen en produksjes fan filmmakkers yn ús lân? Wêr binne filmmakkers en –produsinten mei dwaande, hokfoar útdagings komme sy tsjin en wêr fine sy de nedige stipe?

Op de Europeeske Dei fan de Talen is der in paneldiskusje mei filmmakkers Johanneke Dijkstra (û.o. Fryske film Kriich), Rob Camies (û.o Drintske film Grenzeloos Verraad), Steven de Jong (û.o. Fryske films Grutte Pier, De Fûke) en Janko Krist (û.o. Fryske film Stjer). Sjoernalist Onno Falkena en EBLT-foarsitter Gerard de Jong liede de jûn. Der sille ek filmfragminten te sjen wêze. Nei ôfrin is der in hapke en in drankje.

Europeeske Dei fan de Talen
De Europeeske Dei fan de Talen is in inisjatyf fan de Ried fan Europa en wurdt sûnt 2001 fierd. Yn Europa binne der mear as 200 talen. By de Ried fan Europa binne 82 regionale of minderheidstalen erkend fan mei-inoar 207 taalmienskippen. Yn Nederlân binne dat it Frysk, Jiddysk, Limboarchsk, Nedersaksysk, Papiamintsk en de talen fan de Roma en Sinti.

Wês wolkom
Op tongersdeitejûn 26 septimber, om 19:30 oere begjint it evenemint, dat fergees tagonklik is. De jûn wurdt holden by de Stellingwarver Schrieversronte, Willinge Prinsstraote 20, Berkoop/Aldeberkeap.

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter