Diel dit berjocht

Ferriederlike freonen

Sommige wurden binne yn it Frysk en yn it Nederlânsk wat skriuwwize en útspraak oangiet hast of hielendal gelyk. Der wurdt dan maklik tocht dat se ek itselde betsjutte. As dat net it gefal is, dan giet it om saneamde faux amis/valse vrienden, dy’t ik no mar ferriederlike freonen neam. Tink mar oan slim, dat by ús hiel wat oars as yn it Hollânsk betsjut en oan it grapke út in eardere bearenburchreklame: it kin net! Dat waard ferstien as het kan (nog) net.

In oar foarbyld dat ik wolris tsjinkom is omtrint dat net in wjergader fan omtrent is. Omtrint brûke wy yn sinnen as “It is omtrint twa oeren riden” en “It eint aardich, it is omtrint klear” en dan bedoele we hast, likernôch, in stik hinne. Omtrent liket dêrop, mar as dat sein wurdt yn “Omtrent de toedracht deed de politie geen mededelingen”, dan kinne we dat net oersette mei omtrint, mar wol mei oer of oangeande. Soms kin omtrent ek oerset wurde mei likernôch en om ende by.

Dat bringt my op in twadde foarbyld. As yn it Hollânsk sein wurdt “Ik verwacht je rondom twee uur”, dan kinne wy dat net mei rûnom oersette. Dan sizze wy “om twa oere hinne.” Wa’t seit dat rûnom Akkrum in protte wetterrekreaasje is, bedoelt fansels om Akkrum hinne. Yn dy betsjutting kin rûnom net brûkt wurde, want dat betsjut oeral. Dat wurd hat yn it Frysk ek de betsjutting fan trochinoar, bgl. yn in sin as “Hy hellet de hiele boel oeral”, dy’t net oerset wurde kin mei overal, mar wol mei overhoop. Yn “Hy wie hielendal oeral” hat oeral de betsjutting fan overstuur.

Sa kin ik trochgean en wiis derop dat oeral op overal liket, in lienwurd (overall) dêr’t wy in wurkpak (broek en kile út ien stik) mei oantsjutte. Dat kinne we ek oerstrûper neame of boksebaitsje. Dêr is ek wer fan alles oan ta te heakjen, mar ik hâld der no mei op.

Jan Breimer

One Response

  1. Wolkom werom Jan, wy ha dy mist. Dyn útiensettings oer taal is ferlet fan, want de Afûk hat it sa’t it liket op in sêft sin set. De kursisten meitsje de nuverste flaters. Ik kom se hieltyd wer tsjin yn krante-artikels bygelyks dy’t ik neisjoch. It is meast oerset ABN of oars sein ‘omkeard Bokwerders’, dêr’tst net om laitsje kinst. (Ik wit no hoe’tst derút sjochst)
    Lútsen

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

  • Reaksje (1)
  • Wolkom werom Jan, wy ha dy mist. Dyn útiensettings oer taal is ferlet fan, want de Afûk hat it sa’t it liket op in sêft sin set. De kursisten meitsje de nuverste flaters. Ik kom se hieltyd wer tsjin yn krante-artikels bygelyks dy’t ik neisjoch. It is meast oerset ABN of oars sein ‘omkeard Bokwerders’, dêr’tst net om laitsje kinst. (Ik wit no hoe’tst derút sjochst)
    Lútsen

Lit in reaksje efter