Diel dit berjocht

Foarbyld Waadhoeke laat ta meartalichheidskoördinatoaren foar hiel Fryslân

It Ryk stelt mei-inoar 18 miljoen euro beskikber om nije ôfspraken foar it fuortsterkjen fan de Fryske taal en kultuer út te fieren. Mei in moai sukses foar gemeente Waadhoeke: der wurdt € 1.7 miljoen útlutsen foar in meartalichheidskoördinator foar alle Fryske gemeenten. Waadhoeke hat as iennige gemeente sûnt 2021 al sa’n funksjonaris.

Sanne Feenstra fan restaurant Den Staten-Generaal en Gerard de Jong (foto: Gemeente Waadhoeke)

De nije ôfspraken binne fêstlein yn de Bestjoersôfspraak Fryske Taal en Kultuer (BFTK), dy’t moandei 8 april ûndertekene waard troch minister Hugo de Jonge fan Ynlânske Saken en Keninkryksrelaasjes en kommissaris fan de Kening yn Fryslân Arno Brok. Ut namme fan de gemeente Waadhoeke wiene wethâlder Jan Dijkstra en meartalichheidskoördinator Gerard de Jong dêrby oanwêzich.

Nei Waadhoeks foarbyld
De provinsje hat in soad ideeën ynwûn by alderhande ynstânsjes, ek by Waadhoeke. Dat de funksje fan in meartalichheidskoördinator grutte mearwaarde hat, wurdt no troch de provinsje ûnderstreke mei de winsk dat alle Fryske gemeenten sa’n koördinator krije. Dêrfoar lûkt it Ryk yn de BFTK € 1.7 miljoen út.

Komplimint foar de gemeente
In boppeslach foar alle Fryske gemeenten, mar perfoarst ek foar Waadhoeke. Wethâlder Dijkstra: “Wy hawwe yn 2021 as earste gemeente, mei help fan de provinsje, in meartalichheidskoördinator oansteld. Dat om de taalrykdom dy’t wy hjir yn Waadhoeke sa wichtich fine – mei it Frysk, Biltsk en Frjentsjertersk – echt struktureel te stypjen en út te bouwen. Dat deputearre Eke Folkerts, de Fryske amtners en it Ryk dat ek as mearwaarde sjogge is in komplimint foar ús. It is in rol dy’t it ferskil meitsje ken.”

Meartalichheidskoördinator as brêge
Gerard de Jong: “De meertalighydskoördinator funksjoneert as brûg en netwerker tussen overheden en ‘t taalspeulfeld, met ’t Frysk, maar ok met de streektalen. Ik help bij ‘t ferwezenliken fan doelen op ‘t gebied fan meertalighyd: intern bij de gemeente, en deur de frijwilligers die’t met taal doende binnen in de gemeente bij de hând te nimmen. Soa krije wij meer foornander, en ‘t ferklaint de ôfstand tussen overhyd en ‘t taalfeld.”

Prioriteiten yn de nije BFTK
Yn de BFTK lizze Ryk en provinsje Fryslân fêst hoe’t se yn de perioade 2024-2028 oan de beskerming en befoardering fan de Fryske taal en kultuer wurkje. Yn de nije ôfspraken foar dat tiidrek binne fiif prioriteiten oanwiisd: sichtberens fan it Frysk yn de iepenbiere romte, digitalisearring fan it Frysk, Frysk yn it ûnderwiis en ûndersyk, taaloerdracht tusken generaasjes en desintraal taalbelied.

One Response

  1. Moai ynisjatyf! Ik seach dat se by de Sorben wat soartgelikens dogge. Dêr neame se it ‘taalmoderator’. Goed dat der sokke oanjeiers oansteld wurde!

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

  • Reaksje (1)
  • Moai ynisjatyf! Ik seach dat se by de Sorben wat soartgelikens dogge. Dêr neame se it ‘taalmoderator’. Goed dat der sokke oanjeiers oansteld wurde!

Lit in reaksje efter