Diel dit berjocht

Foarsitter Fryske Beweging: Besite Limboarch boppeslach foar taalrykdom

Op 30 augustus hawwe Steateleden út Limboarch in besite brocht oan de provinsje Fryslân. Sy woene dêrmei ûndersykje oft de Limboarchske taal baat fine kin by in bettere steat fan beskerming foar de taal. Dat soe betsjutte dat der, lykas foar it Frysk, ek Limboarchsk taalûnderwiis komme moatte soe.

Foarsitter Sjirk Eildert Bruinsma fan De Fryske Beweging wie bliid mei de komst fan de Limboargers. Bruinsma: “It is goed dat Fryslân en Limboarch de bannen oanhelje. Mei-inoar stiest sterker.” Neffens de foarsitter fan de belange-organisaasje foar de Fryske taal is de besite in wichtige stap. “It Limboarchsk sit fansels yn in oare situaasje as it Frysk, mar beide binne in foarbyld fan de grutte taalrykdom yn Nederlân. Dêr mei wol mear wurdearring foar komme.” Bruinsma wiist nei it Ryk: “Benammen it Ryk moat mear dwaan foar ús kultureel erfgoed, dat is de rykdom dy’t wy trochjouwe oan in nije generaasje. Sawol de rykdom fan Fryslân as de rykdom fan Limboarch.”

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter