Diel dit berjocht

Fryske Bewegingsdei: in poadium foar nij talint en debat

Ferslach: Arjen Dykstra
Foto’s: Janna van der Meer

De earste Fryske Bewegingsdei op sneon 29 juny 2024 yn Teäter De Bres wie in sukses. Attje Meekma hie in petear mei de Fryske Bewegers oer de doelen foar it Frysk yn 2051. Deputearre Eke Folkerts joech earder dizze moanne tynge oer it ynlûken fan stipe oan Frysksinnige organisaasjes. No rûn se de liuw yn ’e bek om oer har wurk as deputearre te fertellen.

Foarsitter Sjirk Bruinsma

Sjirk Eildert Bruinsma, sûnt febrewaris foarsitter fan De Fryske Beweging iepenet fol entûsjasme de middei.

Al rillegau kriget deputearre Eke Folkerts it wurd. Se is iepen oer har bân mei it Frysk. Se sjocht it Frysk as libbensmaat. We prate yn Fryslân mei-inoar yn deselde taal en dat skept in bân. Se priizget de nije koers fan de Ried fan de Fryske Beweging, dy’t sûnt koart De Fryske Beweging as ropnamme keazen hat. Se sjocht in nije hússtyl, mar ek in nije oanpak. Der waait in frisse wyn!

Deputearre Eke Folkerts

Willem Verf fan it Skriuwersbûn sjocht dat deputearre Folkerts hert hat foar it Frysk. Mar krityk hat er wol. Se hâldt de hân op ’e knip as it om nije inisjativen giet. De deputearre seit dat se dêrby bliuwt. It kin allinnich as it yn it kader fan de Taalnota Fansels Frysk past.

Willem Verf

Jelle Bangma fan it EBLT seit dat der al lang praat wurdt oer sichtberens fan it Frysk. Mar wannear bart der wat konkreets? Neffens Folkerts wurdt deroan wurke. Geart Benedictus bringt in idee oer in bestjoersôfspraak Frysk tusken de provinsje en gemeenten. Meast konkreet is de tasizzing dat de deputearre har ynsette wol foar taalbelied yn it sikehûs.

Jelle Bangma

Eke Folkerts sil flink besunigje op it Frysk. Jan Schotanus is leek yn de polityk en begrypt der neat fan. Hokker ferhaal dêr ek efter sit, hy fynt it in ferkeard sinjaal ôfjûn mei de besunigingen krekt no’t it Ryk oer de brêge komt. De seal stipet dy miening mei grut applaus…

Seaking

Tusken de ûnderdielen is der muzyk fan de band Seaking. It duo Seaking bestiet út de freondinnen Mare en Rian. Se diene mei oan ferskate talintejachten lykas Sjong. Hjoed begjinne se mei in jierdeiferske foar de deifoarsitter.

Arjen Dykstra en Sjirk Bruinsma

Sjirk E. Bruinsma, dy’t 25 jier wurden is, wurdt tasprutsen troch Arjen J. Dijkstra. De Fryske Beweging hat pinnen mei logo drukke litten. De foarsitter kriget de pinnen yn in spesjaal foarsittersdoaske. Letter op de middei kriget elkenien de kâns om ek sa’n pinne mei te nimmen.

Attje Meekma

Foarsitter fan it Steatekomitee Frysk is Attje Meekma. It Steatekomitee is in fertsjintwurdiging fan alle politike partijen yn de Fryske Steaten. It is oprjochte om mei ien mûle te praten mei oare belutsenen by it Frysk, lykas de Ryksoerheid. It Steatekomitee hat de opdracht oannommen om in fiergesicht te meitsjen op it Frysk yn 2051.

Piet Bloemsma

Oan ’e hân fan de haadstikken út de taalnota meie de oanwêzigen sizze wat se derfan fine. Dat leveret in libbene diskusje op. Meekma koe in soad punten op har listje sette. Sa soe der in goede nulmjitting dien wurde moatte en realistyske doelen steld. Dêr hawwe guon Fryske Bewegers noed oer.

Arjen J. Dijkstra freget him ôf oft twataligens wol de wei is. In folslein Frysktalich Fryslân is makliker te berikken as twa lykweardige talen. Oaren fine dat meartaligens no krekt rykdom is. Pieter de Zwart is dosint yn it mbû en sjocht dat it dreech is om oare dosinten by it Frysk te belûken. It Frysk en Hollânsk binne net lykweardich. Ast beide oanbiedst, wint it Hollânsk, want dat is it maklikst. Dat moat oars!

Feanster Klaas Groen set it in yn Europeesk kader. Yn Nederlân is it Frysk fan minder belang, op Europeesk nivo binne wy lykweardich oan guon lânstalen. Soene we dêr net de fokus op lizze moatte?

De froulju fan duo Seaking binne twatalich. Ien fan de bandleden praat Frysk mei har heit en Hollânsk mei har mem. Dat giet prima. Se hoopje troch yn it Frysk te sjongen sjen te litten, dat dy taal derta docht. En datst dyn gefoel it bêste oerbringe kinst yn ’e taal dy’t op dat stuit it bêste past.

Reinder Reitsma

Reinder Reitsma konkludearret dat Fryslân al twatalich is. Alle Fryskpraters binne dat al. It is saak om de oaren oer te heljen om ek Frysk te praten. Dat freget om in oare ‘mindset’. Krektlyk as dat gien is mei it smoken of it riden mei drank op. It idee dat it ûnfatsoenlik is om Frysk te praten moat feroarje. Yn 2051 soe it gewoan wêze moatte, dat alle petearen standert yn it Frysk begjinne.

Sake Roodbergen

Nei it útrikken fan De Fear yn ’e Broek oan Sake P. Roodbergen en muzyk fan Seaking slút Sjirk Bruinsma de dei ôf. Teäter De Bres seit in ferrassend teäter te wêzen dat in poadium biedt oan nij (regionaal) talint, lytsskalige produksjes en debat. Dat is ek in moaie gearfetting foar dizze Bewegingsdei!

Foto: De Fryske Beweging

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter