Diel dit berjocht

Geart Benedictus nije foarsitter fan it Fryslân Fûns

It bestjoer fan it Fryslân Fûns makket bekend dat Geart Benedictus as syn foarsitter beneamd is. Hy folget Reinder Bil op dy’t sûnt 2021 foarsitter wie. Benedictus is ek adviseur fan de Politike Kommisje fan De Fryske Beweging en it Steatekomitee Frysk. Hy wie earder ûnder oaren senator foar it CDA en foarsitter fan De Fryske Beweging.

Donateurs
Dêrneist makket it bestjoer bekend dat it Fûns no iepen stiet foar donateurs. Elkenien dy’t de Fryske taal en kultuer stypje wol (it doel fan it Fryslân Fûns), kin donateur wurde foar in bedrach fan € 35 it jier. Donateur wurde kin fia de website fan it Fryslân Fûns: www.fryslanfuns.frl. Dêr is ek mear ynformaasje oer it Fryslân Fûns te finen.

It Fryslân Fûns
It Fryslân Fûns hat as doel it finansjeel stypjen fan inisjativen foar it befoarderjen fan de Fryske taal en kultuer. It Fûns is wat jild oangiet ôfhinklik fan jeften fan it publyk. It wol ek fûnsen beskikber meitsje as it giet om juridyske saken oangeande taaldiskriminaasje fan it Frysk.

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter