Diel dit berjocht

Help mei om de besunigingen op it Frysk fan ’e tafel te krijen!

Deputearre Steaten wolle flink besunigje op organisaasjes lykas Omrop Fryslân, de Afûk en Mercator. Dizze moanne hawwe wy kâns om de besunigingen tsjin te hâlden fia Provinsjale Steaten. Do helpst dochs ek?

De provinsje sil op 19 juny beslute oer de taalnota ‘Fansels Frysk’. Dêr steane moaie plannen yn. Dy kinne it Frysk foarút helpe. Mar deputearre steaten hawwe it jild der net foar oer. Se wolle sels besunigje. Dêrtroch steane de ambysjes faai.

Wat kinsto dwaan?
De Ried fan de Fryske Beweging hat in petysje opsteld. Dy kinst ûndertekenje. Sa makkest dúdlik datst it net iens bist mei dy plannen.

In pear partijen wolle dat dy besunigingen fan ’e tafel feegd wurde, mar CDA, CU, JA21, FvD, VVD, BBB en FNP moatte noch oer de streek lutsen wurde. Op dy partijen is de petysje foaral rjochte. Kinst harren ek streekrjocht freegje om tsjin te stimmen. Of kom nei de gearkomste fan Provinsjale Steaten op 12 of 19 juny.

Tekenje de petysje dus sa gau mooglik. Mar it leafst foar 19 juny!

27 Responses

  1. Ik ha de petysje probearre te googlejen, mar toen kaam ik by de Fryske petten ut. Ek te krijen by de Afuk. Ach ja , miskien ek in manier om jild byinoar te swyljen? Fryslan is bestjoerlik ek net mear as in provinsje yn Nederlan. Der kin je miskien ek net alles fan ferachtsje. Derom is de FNP ek foarstander fan in autonoom Fryslan. Mar spitich genoch de measte Friezen net. Mar dizze besunigingen understreekje de needsaak derfan al.

  2. Koartlyn is der noch in slompe jild fanút De Haach tasein oan de provinsje ta stipe fan de Fryske taal en kultuer – no sil de provinsje dat brûke om de hân op ‘e knip te hâlden? It moat net mâler wurde!
    It Frysk kin net sûnder beskerming en befoardering. Net om ’e nocht hat it Ryk it Europeesk Hânfêst ûndertekene, en net om ’e nocht wurkje Ryk en provinsje de Europeeske ferplichtings mei-inoar om ta konkreet belied, benammen fia de fiifjierlikse BFTK. De besunigings dy’t jo oankundige ha, sille betsjutte dat oan Europeeske ôfspraken net, net mear of minder befredigjend foldien wurde kin. Wêr giet it sa hinne mei de Fryske Kultuer!!

    1. Ik bin it folslein mei Jan Bijkerk iens. ‘Wat hy hjir skriuwt, dêr is gjin wurd ferkeard oan.

      Wiebe Lageveen

  3. Dit liket nearne nei
    dat besúnigjen moat út ‘e wei
    Beknibbeljen op ús Fryske taal
    is hiele slimme kwaal …
    Wy moatte dy skrabers op ‘e knibbels krije
    sadat ús bern der net oan lije..

  4. Hjir snap ik neat fan. Hoe krije jim it yn’e kop? It ryk komt no mei wat mear jild foar it Frysk en no dizze besuniging troch de provinsje. De Haach sil him wol besouwe..
    Mijn eigen partij stimt hjir ek mei yn? Unbegryplik. Minderheidsstânpunt ynnimme yn kollezje en ús steateleden tsjinstimme!
    Dekking: foarskot nimme op it miljard dy’t Fryslân by de Lelyline lizze moat…

  5. Ik ha de petysje undertekene. It wie gewoan in kwestje fan ; op de reade tekst drukke en je binne d’r. Dat hie ik Sneon net yn de gaten, dat hie fansels in oarsaak😄

  6. Net besunigje op it Frysk no’t it Ryk just ekstra jild jaan wol. Sybe Krol wês wizer! Dêr is de FNP net foar oprjochte.

  7. It Ryk stelt jild beskikber en de provinsje hellet der eat fan ôf.
    Wat in beroerde yndruk moat dat yn Den Haach en omkriten jaan!.

  8. Ôfsjen fan de Lelylijn (dat ûnding moatte wy hjir nea ha). Dan bliuwt der genôch jild oer om it Frysk just mear te stypjen.

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

  • Reaksje (27)
  • Ôfsjen fan de Lelylijn (dat ûnding moatte wy hjir nea ha). Dan bliuwt der genôch jild oer om it Frysk just mear te stypjen.

  • It Ryk stelt jild beskikber en de provinsje hellet der eat fan ôf.
    Wat in beroerde yndruk moat dat yn Den Haach en omkriten jaan!.

  • Net besunigje op it Frysk no’t it Ryk just ekstra jild jaan wol. Sybe Krol wês wizer! Dêr is de FNP net foar oprjochte.

  • Ik ha de petysje undertekene. It wie gewoan in kwestje fan ; op de reade tekst drukke en je binne d’r. Dat hie ik Sneon net yn de gaten, dat hie fansels in oarsaak😄

  • Hjir snap ik neat fan. Hoe krije jim it yn’e kop? It ryk komt no mei wat mear jild foar it Frysk en no dizze besuniging troch de provinsje. De Haach sil him wol besouwe..
    Mijn eigen partij stimt hjir ek mei yn? Unbegryplik. Minderheidsstânpunt ynnimme yn kollezje en ús steateleden tsjinstimme!
    Dekking: foarskot nimme op it miljard dy’t Fryslân by de Lelyline lizze moat…

  • Dit liket nearne nei
    dat besúnigjen moat út ‘e wei
    Beknibbeljen op ús Fryske taal
    is hiele slimme kwaal …
    Wy moatte dy skrabers op ‘e knibbels krije
    sadat ús bern der net oan lije..

  • Koartlyn is der noch in slompe jild fanút De Haach tasein oan de provinsje ta stipe fan de Fryske taal en kultuer – no sil de provinsje dat brûke om de hân op ‘e knip te hâlden? It moat net mâler wurde!
    It Frysk kin net sûnder beskerming en befoardering. Net om ’e nocht hat it Ryk it Europeesk Hânfêst ûndertekene, en net om ’e nocht wurkje Ryk en provinsje de Europeeske ferplichtings mei-inoar om ta konkreet belied, benammen fia de fiifjierlikse BFTK. De besunigings dy’t jo oankundige ha, sille betsjutte dat oan Europeeske ôfspraken net, net mear of minder befredigjend foldien wurde kin. Wêr giet it sa hinne mei de Fryske Kultuer!!

    • Ik bin it folslein mei Jan Bijkerk iens. ‘Wat hy hjir skriuwt, dêr is gjin wurd ferkeard oan.

      Wiebe Lageveen

  • Ik ha de petysje probearre te googlejen, mar toen kaam ik by de Fryske petten ut. Ek te krijen by de Afuk. Ach ja , miskien ek in manier om jild byinoar te swyljen? Fryslan is bestjoerlik ek net mear as in provinsje yn Nederlan. Der kin je miskien ek net alles fan ferachtsje. Derom is de FNP ek foarstander fan in autonoom Fryslan. Mar spitich genoch de measte Friezen net. Mar dizze besunigingen understreekje de needsaak derfan al.

Lit in reaksje efter