Diel dit berjocht

Her en wer; op ’e(n) nij en werom

Yn it wiskundeboek stiet boppe in algebra-opdracht: ‘herleid’. Learlingen yn it fuortset ûnderwiis yn Nederlân, dus ek yn Fryslân, leare dy (frij abstrakte) bewurking, mar soenen se ek begripe wat dat wurd betsjut? Wiskunde is gjin taalles, of dochs wol? De wiskundelearaar leit út dat der by algebra net wat útrekkene wurdt, mar werombrocht ta in oare (lykweardige) foarm. Learlingen begripe it sa: op ’e nij opskriuwe, mar dan in bytsje oars. Mar wat begripe se fan it wurd ‘herleiden’? En wat is dat yn it Frysk? It telt net mei foar it wiskundesifer, mar it is wol fan belang foar de taalles.

Wat bedoeld wurdt mei ‘herleiden’ komt del op ‘werombringe ta’, ‘liede ta in oare foarm’. It foarheaksel her- kin yn it Frysk dus oerset wurde mei werom. Yn it gefal fan de algebra-opdracht, giet dat net alhiel op, want we geane net werom nei eat dat der al wie, mar der komt wat nijs. By de term ‘land van herkomst’ liket dat better, want bûtenlanners dy’t hjir gjin ferbliuwsfergunning krije, moatte werom. Werom nei it lân dêr’t se weikomme. It lân fan weikomst? Nee, dy term is yn striid mei ús taalgefoel. Dan mar ‘lân fan ôfkomst’? Yn it Dútsk kin frege wurde: ‘Wo kommst du her?’ en dêrom soe her in germanisme neamd wurde kinne.

It begryp ‘werom’ kin ek noch oars besjoen wurde. Wy kinne in grut probleem ‘werombringe’ ta in lyts probleem; it probleem ferienfâldigje om it makliker oplosse te kinnen. Dan wurdt wat nijs betocht en gripe we net op eat werom. Dat is faaks de bêste ynterpretaasje by it algebrafoarbyld.
It foarheaksel her wurdt as ûnfrysk oanfield en dêrom gauris ferfongen troch wer.

Herfoarmje en alle ôfliedingen dêrfan, binne yn it Frysk yntegrearre, alteast safier’t it de tsjerklike reformaasje oanbelanget, mar fierders moatte wy ús rêde mei wer-: wereksamen, werprintinge, weryndieling, werhelling, werjefte ensfh. Sokke wer-wurden beskôgje wy langer net as hollanismen, mar foar in protte Frysktaligen hearre se nuver yn ’e earen.
As wurden mei wjer begjinne giet it om in oar gefal. Dêr mar ris in oare kear oer.

Ed Knotter

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter