Diel dit berjocht

It Frysk fan de takomst: fêsthâlde of feroarje?

Omrop Fryslân hat in nijsgjirrich artikel publisearre oer de Fryske taal. It artikel giet yn op de flaters dy’t faak makke wurde troch sprekkers fan it Frysk en de útdagingen dy’t se tsjinkomme.

It besprekt ek de mooglike oanpassingen dy’t nedich binne om de taal relevant te hâlden yn in wrâld dy’t hieltyd feroaret. De flater dy’t it faakst makke wurdt, is it omdraaien fan de tiidwurden (werkwoorden). Dat seit de organisaasje Afûk, dy’t him dwaande hâldt mei de Fryske taal. As der ien of twa tiidwurden yn in sin steane, is yn it Frysk de folchoarder fan de wurden itselde as yn it Nederlânsk. As der mear as twa binne, is der wol in ferskil. Yn it Frysk komt it selsstannich (haad)tiidwurd altyd as earste. Wêr’t it om draait, komt op it foarste plak. Bygelyks: ‘Ik soe dy dat fertelle wolle.’, ‘Soest dat even útlizze kinne?’ en ‘Soe mem dat dwaan wolle?’

Neffens de offisjele grammatika fan it Frysk kin it tiidwurd gean allinne kombinearre wurde mei de tiidwurden sitte, stean, lizze en hingje. ‘Hy giet sitten’ is dus geef Frysk. ‘Hy giet fytsen’ is dat net. Yn dat gefal moat it wurdsje ‘te’ derby sein wurde: ‘Hy giet te fytsen.’ Of der moat in oare foarm keazen wurde: ‘Hy sil fytse.’ Foar ‘bliuwe’ jildt deselde regel as foar ‘gean’, útsein dat ‘bliuwe’ ek kombinearre wurde kin mei ‘wenjen’ en ‘stykjen’. ‘Hy bliuwt hjir wenjen’ is dus geef, ‘hy giet hjir wenjen’ is dat net.

Undersyk fan taalkundige Henk Wolf lit sjen dat saakkundigen ferdield binne oer dy regel. Hy pleitet derfoar om net te strang te oardieljen. Taal feroaret, seit er. Dus ek al stiet yn de boekjes dat beskate foarmen net geef binne, dan wol dat noch net sizze dat der altyd in streek troch moat. Guon foarskriften binne achterhelle, blykt út syn ûndersyk, en soms binne se ek al oanpast. It wurd ‘leuk’ bygelyks waard lang ôfkard, omdat it eins Nederlânsk is en net Frysk, mar it wurdt no in protte brûkt. Datselde jildt foar ‘blond’ en ‘dik’, dêr’t earder de wurden ‘ljocht’ en ‘grou’ foar brûkt waarden.

Boarne: Omrop Fryslân

De fraach dy’t it artikel opropt, is oft it Frysk him oanpasse moat oan de ûntwikkelingen om sa syn libbensfetberens te behâlden. Wat is jo miening? Moat it Frysk him oanpasse oan de ûntwikkelingen dy’t yn it artikel neamd wurde? Of just net?

6 Responses

  1. Dat is gjin taalferoaring, mar taalferlies. Gjin goede suggestjes dus fan Wolf. It Frysk freget om in ridlik robúste taalnoarm (dy is der) en dy moat oerdroegen wurde troch effektyf ûnderwiis (dat is yn ûntwikkeling) en teksten yn geef Frysk. En fan ‘leuk’emy wurdt it Frysk alhiel net better.

  2. Hielendal iens mei Leukstra. Wolf neamt trije wurden ‘leuk, blond, dik’. Ik kin noch wol sechstich oare wurden opneame. Salang as der in goedfrysk ekwifalint bestiet, is in lienwurd net nedich. Te folle liene is earmoed. Ik leau dat de jongerein wól wol, mar it net kín. Oarsaak bekend: pake en beppe, heit en mem, hja rispje no wat hjasels siedde ha. Ûnderwiis en Provinsje lyksa. Ús mentaliteit moat feroarje, d.w.s. iveriger wurde! Der sit neat oars op.

  3. It bliuwe-ferhaal makket de boel knap dreech. ‘Hy bleau fytsen’ kin dus net en de alternativen wurde rap in stik langer. Jo kinne jo ek ôffreegje oft it Frysk net sûnder it Hollânsk dat feroarje soe. Ik tink dat wy dêr it ferlies op nimme moatte (it is fjochtje tsjin de bierkaai), maar sa’t Lútsen seit by wurden mei in goedfrysk ekwifalint dy safolle mooglik behâlde. En nije wurden meie ek bêst yn it Frysk: nepnijs, e-fyts/auto bg.

    Hoe soenen wy ‘fatshaming’ ferfryskje kinne? Miskien ek in moaie rubryk foar dizze side: Frysktalige opsjes freegje foar NL’ske en Ing’ske wurden.

  4. As dejingen dy’t oanbelange it Frysk behâlde wolle, sil der net willeas mei de ‘ûntwikkelings’ meigien wurde moatte, mar sille de ûntwikkelings en harren omjouwings oanpast wurde moatte. It is al faak sein en skreaun: de bestjoerstaal, de ûnderwiistaal, de mediataal, de sichtberens, sille allegear ferfryskt èn brûkt wurde moatte. Yn Wales is dat slagge, mar it hinget fansels fan minskens wil, niget en stipe ôf oft dat ek yn Fryslân slagge sil. Goede kommunikaasje, ynformaasje en it sjen litten fan de foardielen fan it brûken fan it Frysk binne tige wichtich.

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

  • Reaksje (6)
  • As dejingen dy’t oanbelange it Frysk behâlde wolle, sil der net willeas mei de ‘ûntwikkelings’ meigien wurde moatte, mar sille de ûntwikkelings en harren omjouwings oanpast wurde moatte. It is al faak sein en skreaun: de bestjoerstaal, de ûnderwiistaal, de mediataal, de sichtberens, sille allegear ferfryskt èn brûkt wurde moatte. Yn Wales is dat slagge, mar it hinget fansels fan minskens wil, niget en stipe ôf oft dat ek yn Fryslân slagge sil. Goede kommunikaasje, ynformaasje en it sjen litten fan de foardielen fan it brûken fan it Frysk binne tige wichtich.

  • It bliuwe-ferhaal makket de boel knap dreech. ‘Hy bleau fytsen’ kin dus net en de alternativen wurde rap in stik langer. Jo kinne jo ek ôffreegje oft it Frysk net sûnder it Hollânsk dat feroarje soe. Ik tink dat wy dêr it ferlies op nimme moatte (it is fjochtje tsjin de bierkaai), maar sa’t Lútsen seit by wurden mei in goedfrysk ekwifalint dy safolle mooglik behâlde. En nije wurden meie ek bêst yn it Frysk: nepnijs, e-fyts/auto bg.

    Hoe soenen wy ‘fatshaming’ ferfryskje kinne? Miskien ek in moaie rubryk foar dizze side: Frysktalige opsjes freegje foar NL’ske en Ing’ske wurden.

  • Hielendal iens mei Leukstra. Wolf neamt trije wurden ‘leuk, blond, dik’. Ik kin noch wol sechstich oare wurden opneame. Salang as der in goedfrysk ekwifalint bestiet, is in lienwurd net nedich. Te folle liene is earmoed. Ik leau dat de jongerein wól wol, mar it net kín. Oarsaak bekend: pake en beppe, heit en mem, hja rispje no wat hjasels siedde ha. Ûnderwiis en Provinsje lyksa. Ús mentaliteit moat feroarje, d.w.s. iveriger wurde! Der sit neat oars op.

  • Dat is gjin taalferoaring, mar taalferlies. Gjin goede suggestjes dus fan Wolf. It Frysk freget om in ridlik robúste taalnoarm (dy is der) en dy moat oerdroegen wurde troch effektyf ûnderwiis (dat is yn ûntwikkeling) en teksten yn geef Frysk. En fan ‘leuk’emy wurdt it Frysk alhiel net better.

Lit in reaksje efter