Diel dit berjocht

Krekt útkommen: it printeboek ‘Pim en Pier’

It printeboek Pim en Pier giet oer twa mantsjepinguins dy’t ôfgryslik graach tegearre in pykje ha wolle. It is skreaun troch Joke Scheffer; de yllustraasjes binne fan Wim Swart. 

Oer it boek 
Pim en Pier binne twa mantsjepinguins. Se binne altyd byinoar. Pim soe hiel graach in pykje útbriede wolle mei Pier, mar hoe moatte se dat ha? En soene se it pykje dan wol tegearre grutbringe kinne?

Joke Scheffer (learkrêft basisûnderwiis, taalkoördinator en lêsspesjalist) skreau it boek nei oanlieding  fan in krante-artikel oer twa mantsjepinguins yn in dieretún dy’t altyd byinoar wiene. Op in dei foel it de oppassers yn de dieretún op dat se om ’e beurt probearren in stien út te brieden. Doe’t der in wyfkepinguin wie dy’t har aai net útbriede woe, besleaten de oppassers om it aai oan dy beide mantsjes ta te betrouwen. En it slagge harren om dat út te brieden!

Yllustrator Wim Swart soarge foar de fleurige tekeningen.

It boek is freed 24 maaie op SLS De Tijstream yn Holwert presintearre.

Boekgegevens ‘Pim en Pier’ 
Auteur: Joke Scheffer | Yllustrator: Wim Swart | Utfiering: ynbûn, 36 siden | Aldens: 3-6 jier | ISBN 978-94-93318-33-5 | Ferkeappriis: € 13,95 | www.websjop.afuk.frl.

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter