Diel dit berjocht

Krekt útkommen by de Afûk: it ‘Simmerboek’

Nei it sukses fan it Winterboek, dat yn ’e hjerst fan 2022 útkaam, is no it Simmerboek útkommen. Dat sit ek fol mei ferhaaltsjes, gedichtsjes, ferskes, spultsjes en nifelwurkjes, foar bern fan 2 o/m 6 jier. Alle ferhaaltsjes en gedichtsjes binne spesjaal foar dit boek skreaun.

De skriuwers dy’t dêroan meiwurke hawwe, binne: Riemkje Pitstra, Geartsje Douma, Berber Spliethoff en Reina&Greetje. De yllustraasjes yn it Simmerboek binne makke troch: Anna Sikkes, Luuk Klazenga, Aart Cornelissen, Berber van den Brink en Marije Koelewijn. Omdat yn it boek in soad spultsjes en nifelwurkjes te finen binne, is it in moai ‘dochboek’, bygelyks foar yn ’e simmerfakânsje. It boek is foar € 9,99 te keap fia websjop.afuk.frl en yn de Afûk-winkel yn Ljouwert.

Foarlêsmoarn
Op freed 14 juny fan 10.30-11.30 oere wurdt yn de Afûk-winkel de Simmermoarn mei Tomke organisearre foar bern fan 2 o/m 6 jier. Der wurdt dan foarlêzen út it Simmerboek en de bern kinne in moai nifelwurkje meitsje. Miskien wurdt it wol wat aardichs foar heitedei. Tomke is der ek by en de bern kinne mei him op ’e foto. Oanmelde foar de foarlêsmoarn kin troch in mailtsje te stjoeren nei ynfo@tomke.frl, mei dêryn de namme(n) en leeftiid fan it/de bern.

Boekgegevens Simmerboek
Auteurs: Riemkje Pitstra, Geartsje Douma, Berber Spliethoff en Reina&Greetje | Yllustratoaren: Anna Sikkes, Luuk Klazenga, Aart Cornelissen, Berber van den Brink en Marije Koelewijn | Utfiering: sêfte omkaft, 96 siden | Aldens: 2 o/m 6 jier | ISBN: 9789493318359 | Ferkeappriis: € 9,99 | www.websjop.afuk.frl

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter