Diel dit berjocht

Kurieus en ynteressant

Der wurdt wol sein dat Hollanners en Flamingen deselde taal prate, mar yn it telefyzjeprogramma ‘Dwars door de lage landen’ komme lykwols idiomatyske ferskillen nei foaren. Soks ropt niget op. It is apart om ien sizzen te hearren: “Ik ben curieus”, as bedoeld wurdt: ik bin nijsgjirrich, ik wol der mear fan witte. Sawol yn it Hollânsk as yn it Frysk is it nuver om te sizzen dat men curieus/kurieus is. De term komt út it Frânsk mei de betsjutting nijsgjirrich (nieuwsgierig), mar ek apart, nuver (merkwaardig). It Ingelsk hat dat krekt sa. Yn dy twadde betsjutting wurdt it lienwurd kurieus gauris brûkt. It Dútsk hat dêr it eigen wurd sonderbar foar. Yn it Frysk is it justjes oars: nijsgjirrich kin njonken ‘gjirrich nei nijs’ ek wat aparts, bysûnders of seldsums oantsjutte. Kurieus wurdt faak negatyf bedoeld, mar dat is mei nijsgjirrich perfoarst net it gefal.

Ed Knotter

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter