Diel dit berjocht

Lansearring ynteraktive Keimpe-sykplaat op CBS It Fûnemint

Yn gearwurking mei IVN (Instituut Voor Natuureducatie) hat de Afûk in nije ynteraktive sykplaat ûntwikkele fan Keimpe de Krokodil, oer it tema ‘greide en boulân’. Yn dy sykplaat komme in soad fûgels foar, lykas de ljurk en de skries, mar ek wurden lykas ‘aaisykje’ en ‘neisoarch’ komme oan bod.

Mei de ynteraktive sykplaat wolle IVN en de Afûk bern bewust meitsje fan alle libben yn de greiden en boulannen fan Fryslân. Boppedat leare bern sa op in boartlike wize de Fryske wurden. “It is dochs te gek dat bern wol witte watfoar bisten der yn it oerwâld yn Afrika libje, mar net de fûgels yn harren eigen omjouwing kenne?”, seit Pyke Kroes fan IVN. “Mei de sykplaat wolle wy dêr op in boartlike wize feroaring yn bringe, tegearre mei Keimpe.” Keimpe de Krokodil belibbet syn aventoeren yn it Frysk. Hy is gek op lêzen, want troch te lêzen kinst de moaiste aventoeren belibje en alderhande dingen ûntdekke.

Lansearring mei Eke Folkerts
De lansearring fan de sykplaat is op tongersdei 13 juny 2024. Dat bart om 12.30 oere troch deputearre Eke Folkerts op CBS It Fûnemint yn Wommels. Frou Folkerts giet mei de bern fan groep 1a op ’e siik nei de ôfbyldingen op de plaat by 20 Fryske wurden dy’t passe by greide en boulân. De groep hat foarôfgeand oan dizze dei ek it ‘ûntdekpaad’ fan Pykje Fjouwer dien en opdrachten by it ferhaal makke, dus sy sitte al hielendal yn it tema natuer.

Keimpe de Krokodil
Bern fan 4 oant en mei 8 jier kenne Keimpe miskien al. Keimpe de Krokodil stiet foar lêspromoasje yn it Frysk, thús en op skoalle. Hy helpt by it Frysk lêzen en it fergrutsjen fan de Fryske wurdskat. Der binne al 35 ynteraktive sykplaten mei Keimpe makke oer alderhande tema’s. Op de sykplaten speure de bern nei ôfbyldingen by Fryske wurden en fansels hat Keimpe de Krokodil himsels ek ferstoppe yn de plaat. Alle sykplaten binne te finen yn de metoade Spoar 8. Keimpe hat ek syn eigen sykboek: Wêr is Keimpe?

De nijste ynteraktive Keimpe-sykplaat ‘Greide en boulân’ is foar de learkrêften fan basisskoallen te finen yn de metoade Spoar 8 en foar elkenien op: www.keimpe.frl.

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter