Diel dit berjocht

Liede: lûd of lieding jaan

Yn it Hollânsk klinke de tiidwurden leiden en lijden gelyk, mar se wurde ûngelikens skreaun. Dy swierrichheid hawwe we yn it Frysk net, want leiden is by ús liede en lijden is lije. Wy hawwe wol in oare kwestje: liede, in wurd dat twa betsjuttingen hat. Wy brûke it foar lûd jaan (luiden) en foar lieding jaan (leiden).

By lûd jaan is liede dan ek noch op twa manieren te brûken: in klok kin sels liede (lûd jaan) en in kloklieder moat de klok liede (lûd jaan litte). Dat lieden wurdt sa ferbûgd: liede – lette – let.
By lieding jaan (oan in gearkomste bgl.) is de ferbûging liede – late – laat.
De ferskillen yn bûging meitsje dúdlik om hokker betsjutting fan lieden oft it giet, mar yn de sprutsen taal binne farianten te hearren (do liedst, hy liedt) dy’t mei de betsjutting gjin rekken hâlde. Dan moat de kontekst dúdlikheid jaan.

Yn it Hollânsk wurdt luiden ek brûkt yn in sin as ‘Het antwoord luidt …’ Yn dy betsjutting kinne wy liede net brûke. By ús is it: ‘It antwurd is …’

Ed Knotter

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter