Diel dit berjocht

Mylpeal fan 10.000 tiidwurden berikt

De webside en web-app tiidwurden.frl fiere in kreas rekôr, mei tank oan alle ynstjoeringen fan websidebesikers. Der binne no 10.000 Fryske tiidwurden mei oersetting opnommen.

Fan ‘popkebesjen’ oant ‘giisgobje’ en fan ‘weikrûpboartsje’ oant ‘hottefylje’. It jout in ymposant byld fan ús moaie taal. Foar dizze gelegenheid is op ‘e webside in spesjale side makke mei statistyk. Dêr kinne tiidwurden grafysk besjoen wurde; ûnder oaren by letter, lingte, lûd en aksintteken. Bygelyks: wat is it langste tiidwurd en hoe faak komt in lûd mei kapke foar?

Nije tiidwurden bliuwe fansels wolkom.

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter