Diel dit berjocht

Nij magazine ‘Taal yn ’e soarch’

Yn de earste ‘Rede foar de geast’, dy’t sneintemiddei 24 maart troch Kommissaris fan de Kening Arno Brok útsprutsen waard, pleite hy foar normalisearring fan it gebrûk fan it Frysk yn alderhande situaasjes, ek binnen de sûnenssoarch. Dat is neffens him fan grut belang foar it befoarderjen fan de mentale sûnens fan de ynwenners fan Fryslân en de kwaliteit fan de sûnenssoarch.

Hy helle dêrfoar in útspraak fan Nelson Mandela oan: “Ast tsjin ien praatst yn in taal dy’t hy begrypt, dan berikst syn holle. Ast tsjin ien praatst yn syn eigen taal, dan berikst syn hert.”

Op útnûging fan Theaterkerk Nes fertelde Brok, sels grut leafhawwer fan taal en it Frysk yn it bysûnder, oer hoe’t taal as kommunikaasjemiddel minsken wit te ferbinen, hoe’t minsken troch taal ûnderdiel wurde fan in mienskip en hoe’t it praten fan in eigen taal dy de kâns jout om wurden te jaan oan dyn gefoelens en emoasjes. Dat is benammen yn de geastlike sûnenssoarch hiel belangryk, om’t it praten fan in eigen taal dy mear op dyn gemak fiele lit. Dêrneist hat it ek foar de helpferlieners foardielen om deselde taal te praten as de kliïnt, want it makket de ôfstân ta elkoar lytser, it ferminderet de kâns op misferstannen én de fertrouwensbân tusken helpferliener en kliïnt wurdt grutter. Dat komt te’n goede fan de kwaliteit fan de soarch. “Taal is in ûnmisber stik medysk ark”, sa seit Brok. “Taal is de kaai ta goeie soarch.”

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter