Diel dit berjocht

Nije Fryske teäterlêsboeken lansearre

Utjouwerij B for Books hat dit jier trije nije Fryske dielen taheakke oan de rige ‘Op it poadium, mei-inoar teäterlêze’. Nei it sukses fan de Nederlânske ferzje Woordkunst, ferskine no de Fryske farianten Wurdkeunst en De groep fan juf Pyt. Ta gelegenheid fan de Berneboekewike wurdt yn septimber Lekker eigenwiis útbrocht. Alle boeken binne sawol yn it Nederlânsk as yn it Frysk beskikber.

Teäterlêzen is in effektive metoade om jonge bern oan te trúnjen om mear en better te lêzen. Twa bern lêze lûdop dialogen foar, as fiere se in toanielstik op. Dat stimulearret opnij lêzen, wat in positive ynfloed op floeiend lêzen hat. Dêrnjonken ferheget it it ynlibjen yn ’e personaazjes de belutsenheid en it tekstbegryp. Foar swakkere lêzers hat it ekstra foardielen lykas ferbettere lêsfeardigens en mear selsbetrouwen.

B for Books hopet mei de nije útjeften noch mear bern te berikken en harren te motivearjen om mei wille te lêzen, sawol yn it Nederlânsk as it Frysk.

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter