Diel dit berjocht

Socht: presintaasjes oer taalbelied en meartaligens

De oprop foar presintaasjes by de kommende 1e Mercator Ynternasjonale Konferinsje is ferlinge oant 30 maaie 2024.

It tema fan de earste Mercator Ynternasjonale Konferinsje, op 7 en 8 novimber 2024 yn Ljouwert, is it foarmjaan fan belied foar minderheidstalen en meartaligens. It doel fan de konferinsje is om in platfoarm te bieden foar en krityske diskusjes te stimulearjen oer beliedsûntjouwing foar minderheidstalen en meartaligens yn ferskate konteksten, fan thús oant yn it ûnderwiis.

Oprop foar artikels
De organisaasje nûget út ta it ynstjoeren fan presintaasjes, dêr’t taalbeleid, praktykfoarbylden, ideologyen en hâldingen op alle nivo’s (ynternasjonaal, nasjonaal, regionaal, maatskiplik, ynstitusjoneel, groep, famylje en yndividu) yn ûndersocht wurde. Mercator ferwolkommet útstellen foar presintaasjes fan minsken út alle loopbaanfazen, dy’t har dwaande hâlde mei de tema’s fan de konferinsje. Postdoktorale studinten en begjinnende ûndersikers wurde yn it bysûnder oanmoedige om mei te dwaan.

Sjoch op de webside fan Mercator foar mear ynformaasje.

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter