Diel dit berjocht

Projekt om tal Manxsprekkers te ferdûbeljen kriget stipe

In projekt dat ta doel hat om it tal sprekkers fan it Manx tsjin 2032 te ferdûbeljen, hat in ympuls fan £ 28.800 krigen. De organisaasje Mooinjer Veggey – wat Manx foar lytse minsken betsjut – hat de subsydzje fan de Manx Lottery Trust krigen om syn Bunneydys-projekt in fleanende start te jaan. Manx is de taal dy’t op Isle of Man sprutsen wurdt en taalkundich besjoen it meast oan it âlde Iersk-Gaelysk besibbe is. In protte bern dêr wurde sawol Ingelsktalich as Manxtalich grutbrocht.

De taal hat hjoed-de-dei goed 2600 sprekkers. De subsydzje sil brûkt wurde foar in projektmeiwurker, útrissing, it ûntwikkeljen fan promoasjemiddels en sealhier. Direkteur fan Mooinjer Veggey, Phil Gawne, seit: “It opbouwen en groeie litten fan sterke Manxsprekkende mienskippen ferget ynvestearringen op alle nivo’s, mar foaral yn ’e begjinjierren.”

Weardefol projekt
Neist it promoatsjen fan de foardielen fan twataligens, sil de projektmeiwurker ek wurkje oan it taalûnderwiis en it fersterkjen fan âlder- en pjuttegroepen, bekend as Possan Cloie yn Manx, mei in fyzje op it opbouwen fan in mienskip fan taalsprekkers.

Gawne seit: “Al mear as 25 jier stypje wy âlden fia ús bernedeiferbliuwen, Possan Cloie en de Bunscoill Ghaelgagh, de Manxbasisskoalle yn St Johns.” Hy seit fierder: “Der binne sterke oanwizingen yn oare minderheidstaalmienskippen dat it stypjen fan húshâldens en bern by it learen fan de doeltaal de grutste beleanning opsmyt, en it opbouwen fan sterke, stypjende taalmienskippen de kaai ta dat sukses is.” Trustfoarsitter Stephen Turner seit dat it plan in “werklik weardefol projekt” is.

Foto thússide: Wikimedia Commons/Daniel Aufgang – CC BY-SA 3.0

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter