Diel dit berjocht

Pseudofrysk

Koartlyn lies ik fuort efterinoar de wurden steamelje en ôfteakelje; yn ferskillende teksten, mar beide fan folbloed Friezen. Mei it earste waard hakkelje bedoeld. De skriuwer koe dêr sa’t it skynt net op komme en ferfryske doe it Hollânske stamelen mar. De twadde skriuwer klonk ôftakelje tink te Hollânsk en besocht om it mei it ea-lûd Frysker klinke te litten.

Yn deselde snuorje lies ik yn in ferslach it wurd eachst. Dêr hie ik wol oan, mar út de kontekst wie op te meitsjen dat it om de opbringst of it resultaat gie. It sil dus wol in út it Hollânsk oersette tekst west hawwe dêr’t it wurd oogst yn brûkt wie. Ik kin my yntinke dat ien dy’t net op it plattelân grut wurden is en it wurd risping net ken, nei analogy fan oog = each betinkt dat oogst mei eachst oerset wurde kin.

Aldergelokst binne der wurdboeken, dy’t op it ynternet by Frysker.nl te rieplachtsjen binne.

Jan Breimer

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter