Regel, rige, rigel, richel, rij

Alwer moai wat jierren lyn waard it yn de sportsjoernalistyk wizânsje om yn in sin as “De club werd het derde jaar achtereen kampioen” it wurd ‘achtereen’ te ferfangen troch ‘op rij’. Underwilens is dy taalferoaring yn it Hollânsk húsriem wurden en akseptearre. Guon Friezen wolle by de tiid bliuwe en skriuwe sûnder nei te tinken ek ‘op rij’ of as se wol neitinke ‘op rige’. Is dat better en/of dúdliker? My heart it nuver yn ’e earen, mar ja, soks sil wol wenne. Ik wol der lykwols net oan wenne. Wat is der mis mei ‘foar de tredde kear efterinoar (of oanien)?’ As it net nedich is, hoege wy ús taal dochs net oan útfynsten yn in oare taal oan te passen?

Oan rige binne mear wurden besibbe. Foar guon is it in toer om se útinoar te hâlden en se op ’e goede wize te brûken.
Lit ús begjinne mei rij. Dat liket Hollânsk, mar yn it Frysk hat it mear as ien betsjutting. As in minske rij is mei it ien of oar dan dan giet dy der royaal en rynsk mei om. It kin dan wat lije. Mar as guod rij is, is it gau tenein. Timmerlju brûke in rij of rijlatte, dat is in metalen liniaal.

By rige giet it foaral om in folchoarder. Tink mar oan: “By de Afûk is in lange rige Tomkeboekjes útkommen” en “De beammen steane kreas yn ’e rige.”
Mei rigel en rigele wurdt itselde oanjûn: “De minsken op ’e foarste rigel hawwe de moaiste plakken” en “In gedicht fan sechstjin rigels.”

By regel tinke we oan gewoante en foarskrift: “Tiisdeis doch ik yn ’e regel de boadskippen”, “Dat bedriuw hat de saken aardich op ’e regel” en “Dat is hjir de regel en dêr hast dy mar oan te hâlden.” Maatregel hat dêr ek mei te meitsjen: “It bestjoer hat in nije maatregel fêststeld.”

De wurden geregeld en regelmjittich bestiet faak ûnwissens oer. Guon hawwe by geregeld it gefoel dat it eins Hollânsk is en brûke dêrom leaver regelmjittich (of soms sels rigelmjittich, mar dat bestiet net). Wy kinne sizze: “Der ride hjir geregeld bussen lâns” en dan bedoele we dat der in drok busferkear is. As dy bussen gjin opûnthâld hawwe, ride se regelmjittich; dat wol sizze: op fêste tiden, neffens de tsjinstregeling.

It wurd richel is ek besibbe oan rige en rigel: in rantsje dêr’t noch krekt wat op stean kin; by feehâlders ek bekend as opsteande râne, kant fan de groppe.

Dan noch in Hollânsk tiidwurd: rijgen, dat in soad betsjuttingen hat dy’t hast allegearre mei oaninoar hechtsjen te meitsjen hawwe. Yn it Frysk is dat riuwe. Tink oan lapen mei nulle en tried oaninoar riuwe en kraaltsjeriuwe, mar as de rabarber tige soer is, kin de mûle jin ek byinoar riuwe. Hea of blêdeboel byinoar swylje dogge we mei in riuwe, mar dy neame we meastal harke. Tink derom, dêr kinne we net mei harkje; dat dogge we mei de earen. Dêr hearre we ek mei, mar harkje is bewuster en yntinsiver.

Jan Breimer

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter