Diel dit berjocht

Skriuwersfakskoalle ferbynt him mei lanlike fakoplieding

De Skriuwersfakskoalle, Ljouwert UNESCO City of Literature en Tresoar bondelje de krêften foar de opliedingsmooglikheden fan Fryske (aspirant)skriuwers. De organisaasjes wurkje fan 1 july ôf gear oan de fierdere ûntwikkeling fan de Skriuwersfakskoalle, in mearjierrige Frysktalige fakoplieding. De partners wolle dêrmei in ympuls jaan oan it profesjonalisearjen fan Fryske skriuwers en it ûntwikkeljen fan nije Frysktalige literatuer.

De Skriuwersfakskoalle is yn 2021 úteinset as inisjatyf fan Leeuwarden City of Literature, Tresoar en Schrijversvakschool Groningen. De oplieding hat ûnderwilens studinten yn mear as ien learjier. De Skriuwersfakskoalle giet fan 1 july 2024 ôf fierder ûnder de flagge fan de lanlike Schrijversvakschool. Dy organisaasje jout al mear as fjirtich jier in dieltiidoplieding rjochte op it profesjoneel skriuwerskip. Tresoar en Ljouwert City of Literature stypje de Skriuwersfakskoalle as partner struktureel. Schrijversvakschool Groningen gie earder al op yn de, yn Amsterdam fêstige, Schrijversvakschool.

Mearjierrige oplieding en losse kursussen
Mei de gearwurking wolle de organisaasjes de Skriuwersfakskoalle de kommende jierren fierder ûntwikkelje ta in folweardige Frysktalige fakoplieding. Neist de mearjierrige dieltiidoplieding sil de Skriuwersfakskoalle losse skriuwkursussen en aktiviteiten oanbiede. Studinten en kursisten kinne neist de Frysktalige modulen foar in Nederlânsktalige of meartalige module of kursus kieze. De Skriuwersfakskoalle siket foar de oplieding en aktiviteiten de gearwurking mei oare partijen út it Fryske literêre fjild. Mei dizze stappen wol de Skriuwersfakskoalle noch mear (aspirant)skriuwers yn Fryslân de kâns biede harren skriuwtalint (troch) te ûntwikkeljen.

Takomst foar Frysk literêr talint
Ernst Bruinsma, direkteur fan Ljouwert City of Literature: “In belangrike poat ûnder ús belied hat fan it begjin ôf oan profesjonalisearring west. Dat dogge we ûnder oaren mei workshops, mar it wichtichste is de Skriuwersfakskoalle. Ik bin bliid dat we dy no in moaie takomst jûn hawwe.” Arjen Dijkstra, direkteur fan Tresoar: “Der binne in hiel soad fantastyske Nederlânske skriuwers dy’t it fak leard hawwe by de Schrijversvakschool. Mei de Skriuwersfakskoalle soargje we dat dit bysûndere ûnderwiis no ek berikber is foar elkenien dy’t op in heech nivo Frysk skriuwe wol.”

Partners mei ûnderfining
Leeuwarden UNESCO City of Literature bout oan in duorsume en stevige literêre ynfrastruktuer yn Fryslân. Tresoar, literatuermuseum, argyf en biblioteek Fryslân, wurket oan kolleksjemanagement, publyksaktiviteiten en it befoarderjen fan de Fryske literatuer.

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter