Diel dit berjocht

Subsydzjeregeling ‘Frysk foar no en letter’ 18 maart wer iepen

Boarne: taalplan.frl

Alle skoallen yn Fryslân kinne fan 18 maart ôf wer in subsydzje oanfreegje foar de regeling ‘Frysk foar no en letter’ by Taalplan Frysk 2030 fan de provinsje Fryslân. Der is subsydzje beskikber foar (nei)skoalling fan learkrêften en it oanskaffen fan ekstra lesmateriaal, foar kulturele aktiviteiten en ekstra ynset fan learkrêften en meiwurkers.

It plafond foar Frysk foar no en letter 2024 wurdt iepensteld op € 600.000. De provinsje hat de ynbring fan de skoallen n.o.f. de iepenstelling fan it ferline jier, meinommen yn it oanpassen fan de regeling. De ynstek is om safolle mooglik skoallen in kâns te jaan om it Frysk ûnderwiis fuort te sterkjen en sa oan de doelstellingen fan de provinsje te wurkjen.

De wichtichste punten op in rychje:

  • De oanfraachformulieren binne net mear útsplitst yn ûnderwiissektor (foarskoalsk/primêr en fuortset ûnderwiis/heger ûnderwiis), mar nei kategory.
  • Deselde útsplitsing jildt foar it maksimale subsydzjebedrach: alle subsidiabele aktiviteiten wurde 100% fergoede, oant dat maksimum. Foar skoalling en oplieding is dat € 5000, foar materiaal € 2000, foar kulturele aktiviteiten € 2500 en reiskosten € 500. Wat reiskosten oangiet hâldt de provinsje de folgjende line oan: ov-kosten (bus en trein) en groepsferfier yn de foarm fan in (tour)bus of buskes.
  • Foar frijroasterjen wurdt wol in ûnderskied op sektor oanholden wat it bedrach de oere oangiet. Foar foarskoalske lokaasjes is dat € 20 de oere, mei in maksimum fan € 2000. Foar primêr en fuortset ûnderwiis is dat € 40 de oere, mei in maksimum fan € 4000. En foar it heger ûnderwiis is dat € 50 de oere, mei in maksimum fan € 5000.
  • Der kin ien oanfraach de kategory honorearre wurde. Dat betsjut dat in lokaasje maksimaal fjouwer kear subsydzje takend krije kin.
  • Neist it oanfraachformulier wurdt skoallen frege om in projektplan yn te tsjinjen mei neiere taljochting by de oanfraach. Wat wurdt der oanfrege, hoe sil dat ynset wurde om it Frysk op de lokaasje fuort te sterkjen? In format om dêrby te stypjen, sil koart foar de iepenstelling op de webside fan Taalplan te finen wêze.

Oanfragen wurde yn behanneling nommen op folchoarder fan ynkommen, mar foar de úteinlike beskikking wurdt de datum fan folsleinens oanholden. In oanfraach is folslein as it oanfraachformulier ynhâldlik folslein en ynklusyf de fereaske taheakken yntsjinne is.

Mear ynformaasje is te finen op: taalplan.frl/subsyzjeregeling-frysk-foar-no-en-letter-wer-iepen.

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter