Diel dit berjocht

Swurd fan de breugeman en skie fan de breid

Dit stikje giet net oer ûnfoech praat, mar oer de fraach hoe’t de wurden taalkundich yninoarstekke.
It wurd breidsboeket is in gearstalling dêr’t de wurden breid (Holl. bruid) en boeket mei in s oaninoar ferbûn binne. Der binne mear gearstallingen dêr’t breid it earste part fan is: breidsfamke, breidsbêd, breidsdagen, breidspear, breidsskat en noch folle mear. De gearstalling breidspriemmen heart dêr net by, bestiet net iens. It moat wêze: breidpriemmen. It foarste part hat neat te krijen mei in breid, mar komt fan it tiidwurd breidzje en sokke gearstallingen hawwe net in tusken-s. It is dus ek breidjern, breidkuorke, breidmasine (allegearre sûnder s). De gearstalling breidskie is in net mear brûkte term, mar stiet noch wol yn it hânwurdboek. It wie in skie of skeef (Holl. schede) dêr’t in priem yn paste, te ferlykjen mei in skie foar in mes of in swurd. In breidsskie (sjoch ek nei breidsskat) moat hiel wat oars wêze (stiet lykwols net yn it hânwurdboek). De wurdfoarming is dúdlik en jo kinne de betsjutting maklik sels betinke.

It swurd fan de strider past yn in skie; de breidpriem fan de breidster kin op deselde wize ek yn in skie. It is mar in gradueel ferskil. Tink derom dat breidskie gjin tusken-s hat. It foarste part sil net trouwe, mar komt fan it tiidwurd breidzje. Breidspriemmen besteane net, mar breidstriennen wol (dy twa wurden hawwe suver deselde lûding).

Dêrmei komme we fan it breidzjen wer by de trouwerij. “Bruidstranen” (oars as de triennen fan Máxima) is in swiet drankje: rezinen op brandewyn, krekt as boerejonges. Men kin jin ôffreegje hoe’t se op sokke poëtyske beneamingen komme.

Ed Knotter

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter